Weppers freed 20-4

SDS League: "Parel 2" pakt kopposysje!
19 april 2012
Seleksjes sneon 21-4
19 april 2012

Seleksjes
SDS 2 is frij en de rest giet sneon los. Wa? Sjoch it hjir.

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen.

Programma(2)
Sawol SDS 3 as 4 moat sneon út nei SC Joure. SDS 3 spilet om 14.15 en SDS 4 om 14.30. Der hoefe dus eins mar 22 man mei. Mocht der ien útfalle dan kin der út it oare fjild in ferfanger komme en falt de útfaller by de oare yn en oarsom fansels…….

SDS A1
Woansdei spile SDS A1 tsjin JV Bolsward A1. In ferslachje mei foto’s binne
hjir te sjen.

De wedstryd fan SDS B1 is fersetten

De B1 van SDS is verzet van 21 april naar woensdag 9 mei om 19:00
groetjes, Andre

Stoppe?
Sipke Hiemstra wie dan miskien wol stoppe mei fuotballen, mar hy stoppet net mei bewegen. Moarn sil hy flagje yn Berltsum by Berlikum 1 – SDS 1.

Efkes Balje
Jûn kin der fansels wer efkes balle wurde. Foar de leafhawwer. Om 19.30 oere.

Terras
De mannen fan de Skoalleseize binne sa as altiten drok yn it spier. No hawwe sy in prachtich terras dellein tsjin de kantine oan oan de kant fan it B-fjild. Der sil noch in skutsje omhinne komme.

Hooplik kinne wy it terras gau by moai waar yn gebrûk nimme.

Oars mei om ús no alfêst de parasols wol komme……

SDS 65 jier!
Freed 10 augustus bestiet SDS 65 jier. Dit wurd fansels fierd. Wy advisearje jimme om dy dei mar fêst frij te hâlden.

Harsens derby(741)
Mar goed dat justerjûn op trainen net ien dit probeare hat, want dan hie Hendrika hiel wat fuotten út de tizen helje moatten: