SDS League: "Parel 2" pakt kopposysje!

Weppers tongersdei 19-4
18 april 2012
Weppers freed 20-4
19 april 2012

It koe net útbliuwe fansels. Nei 2 kear in wykpriis pakt Marije de Vries mei “Parel 2” dizze wike de kopposysje yn de SDS League.
Sy stiet 8 punten foar op “FC Munnaps” fan Bote Strikwerda.

It wurdt noch aardich spannend de lêste pear wiken fan de SDS League. It ferskil tusken de nûmer 1 en 10 is mar 20 punten.

Thys Bruinsma giet dizze wike mei (Lollumer) stip fan ien nei 9. Soe hy noch lucht genôch hawwe om werom te kommen.

It is dizze wike “Skiteraasje” fan dy iene wepmaster mei dat koarte hier dy ’t de wykpriis pakt. Fan de sinten kin der miskien moai skytpapier helje en kin hy syn burd dizze wike moai wyt hâlde.

Ien fan de wepmasters mei doe noch in brún burd….

It is tige spannend tusken “Torpedo Toering” en “Aan de kant ik moet naar het stadion”. Jaap hat namelijk noch mar ien puntsje mear as Sjoerd. Soe Sjoerd dan dit kear in kratsje bier winne?

Dooitze Nauta stiet mei “Meastal Boppe-oan” mar krekt ûnderoan. Hy stiet mar 14 punten efter op “De oanwinsten fan 2011” fan Teade de Boer. Wy binne no eins wol benijd wat foar kursus somtiden op tongersdeitejûn hat. Soe it miskien wêze; “hoe wurd ik net lêste yn de SDS League”?

Sjoch hjir jûn foar de nijste stân:
wike 9.