Weppers freed 20-3-2021

Foto’s mei Freddy
17 maart 2021
Foto’s 1990-1994
21 maart 2021

Programma sneon

Moarn in frijwol folledich programma:
9 – 10 oere: Minileague 1
9 – 10 oere:  JO8 t/m JO10
10 – 11 oere: JO11 t/m JO12
10-11 oere: Minileague 2
11 – 12.30 oere: JO15 t/m JO17.
14.30 – 16.15 oere: O26-1.

Minileague 1 en 2

De Minileague stroomt op it heden hast oer. Mear as 20 bern sitte der yn. Hjir binne wy tige wiis mei. De Minileague wurdt dêrom op it heden opsplitst. De iene groep fuotballet fan 9-10 oere en de oare groep fan 10-11 oere.

SDS O26-1 oefent

Sneontemiddei sil SDS O26-1 op ‘e nij ûnderling oefenje. It begjint om 14.30 oere. Taskôgers binne noch net wolkom……
Hjir de opstellingen:

SDS boppe de 27 is los!

Justerjûn hat de boppe de 27 foar it earst traind yn groepkes fan fjouwer ûnder lieding fan trainer Robert Hoekstra. Sy trainden efter de sporthal. Dit binne de jongens fan 27 jier en âlder fan SDS 1, 2 en 3 dy ’t oars ek altiten op tongersdeitejûn traine. Foarearst wurdt der ien kear yn de wike traind.

Fuotbalhumor

Al is it neat dat trainen yn groepkes fan fjouwer je merke al hoe bot as je it fuotbal mist hawwe. By de boppe de 27 waard juster it earste kertier fan de training eins allinnich mar lake. Om de Haitsma’s dy ’t te let wienen, om de lju wêrby it like oft de trainingsklean krompen wienen, om it oantal fan 9 wêrby der dus ien allinnich traine moast, om degene dy ’t yn de rondo poorten waard, om de keuze fan wa ’t it earst yn de midden moast; de jongste, de âldste, de dikste, de fitste of dochs wer de lelijkste, partijtsjes twa tsjin twa; âld tsjin stokâld of fet tsjin modderfet? It gie nergens oer, mar wat in wille! No al nocht yn nije wike!

De dupe….

Op it heden slagget it aardich dat in soad lju fuotbalje kinne by SDS, al is it mei de rigels al passen en mjitten. Sa fuotbalje de mannen fan boppe de 27 fan SDS 3, 4 en 5 dy’t nea traine, mar allinnich sneons balje noch net. Ek de lju fan boppe de 27 fan SDS 4 en 5 dy ’t op tongersdeis partij dogge ek noch net om ’t sy yn groepkes fan fjouwer traine moatte. Ek de Efkes Ballers sitte noch stil. De jongens fan ûnder de 27 by SDS 3 en 4 meie al wer los, mar dat is wat in lyts groepke. Michael, Gerben, Jeffrey, Aiso en Jorrit wolle hiel graach balje op tongersdeitejûn, mar it soe al moai wêze as der kommende tongersdei yn elts gefal 8 man op it fjild stean. Sy sille tongersdei om 19.30 oere begjinne.

De nije Treffer

De nije Treffer giet moandei nei ús drukker en haadstiper Grafische Groep Van der Eems en mei in bytsje gelok leit der folgend wykein by jim op de matte. No al nocht yn!

Jelke Sijbesma

Jelke Sijbesma docht mei oan de technyktrainingen op sneintemoarn by sc Cambuur. Yn de nije Treffer kinne jim lêze wat hy der fan fynt.

It Cambuurtenue draacht Jelke grutsk!

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhh!

Moarn is Anne Brouwer jierdei. Alfêst fan herte lokwinske!

Lokwinskuhhhhuhhuhuhhh(2)


Ek Peter Hoogerwerf is moarn jierdei! Ek mar alfêst fan herte lokwinske!

Poiesz-jeugdsponseraksje

Helje dit wykein noch efkes boadskippen by de Poiesz yn Skearnegoutum en stypje SDS troch de munten yn de SDS-koker te dwaan!

Alde teamfoto’s

Hawwe jim noch âlde SDS-teamfoto’s lizzen dan binne wy hjir tige nijsgjirrich nei. Lis se ûnder de scanner en mail se nei info@vv-sds.nl of smyt se by ús yn de bus. Alfêst tige by tige!

Harsens derby (2291)

‘Tikkie werom, Jaap!’