Weppers freed 20-3

SDS League: FEITE pakt wykpriis!
19 maart 2015
Ut- en ferslaggen 21-3
20 maart 2015

Efkes it programma
It programma fan moarn mei skiedsrjochters kinne jim hjir sjen.

Efkes kaarte
De tafels stean en de kaarten lizze klear. Jûn om 19.30 klaverjasse om moaie prizen yn de kantine.

Efkes balje
It giet al wer oan. Freed om 19.30 at je net fan kaarten hâlde, sneon oars aktyf binne foar de klup of omdat je je gewoan yn it swit jaaie wolle en omdat in spesjaal bierke dêrnei better smakket.

Efkes fuotbal sjen
Sneon seker efkes bij SDS 1 sjen at sij it opnimme tsjin sc Bolsward. Fierders is der ek in moai programma dizze sneon mei û.o D1, MD1, F1, A1 thús.

Efkes der by
Moarn spilet SDS 1 dus de derby tsjin SC Bolsward 1. Dat liket ús in moaie gelegenheid foar eltsenien om manmachtich nei Easterein te kommen. De wedstryd begjint om 14.30 oere en wy geane noch altiten foar 250 besikers.
Jim kinne it evenemint hjir diele op Facebook. Ûnder de lju dy ’t dit evenemint diele wurdt in SDS-sjaal ferlotte. Degene moat moarn dan al by de wedstryd wêze fansels.


Efkes SDS-klean keapje!
Sneon fan 9.30 – 11.00 oere kinne der wer SDS-klean kocht wurde yn de kantine. Fan sweaters oan ’t hoodies, fan sokken oan ’t SDS-sjaals, alles is der!

Efkes weromsjen
Dat dogge wij dizze kear mei it rapport fan lieder Freddy Scheltema oer it tredde út de Treffer fan juny 1989.

Efkes harsens derby (1459)
Knappe aksje! Sa wurdt it yn elts gefal gjin korner………