SDS League: FEITE pakt wykpriis!

Seleksjes 21-3
19 maart 2015
Weppers freed 20-3
20 maart 2015

En dêr wie de nije koprinner alwer!
Sjoerd Rispens is wer ris de lokkige mei “Algemeen Fons” en nimt de kopposysje oer fan “Postmeister”; Jelmer Posthumus.

Feite de Haan pakt dizze wike de wykpriis mei 43 punten en giet dêrmei fan it 17e nei it 5e plak. En dat sûnder dat hy yn de winterstop in nij team makke hat….
Wy hawwe al in idee wat hy fan it prizenjild keapjen giet……


“Moai sTom” dat Pelé van Anholt snein in reade kaart pakte. Ek krige hy noch 4 goals om de earen. Dit levere “Moai sTom” Wijnia moai wat minpunten op. Hy sakket dus op ‘e nij en no fan it 3e nei it 6e plak. Sa wurdt it neat mei dy nije Ipad…

Halbe Willem Overal sakket dizze wike fan 10 nei 18 mei “FC Keukenrol”. Hooplik bringt
dit ferske him foar nije wike wat gelok.

In nije koprinner en ek lyk wer in nije reade lantearndrager. Dizze wike is it de beurt oan “Strickey 1 1/3” fan Bote Strikwerda. De “konkurrinsje” bliuwt noch moai yn it sicht en sels “Strickey 2 1/2” fan Jort Strikwerda stiet noch tichtby op it 62e plak mei 10 punten foarsprong op Bote.


Sjoch hjir dan foar de nijste stân:
wike 5.