Weppers-freed 2-5

Neikompetysje SDS 1 en 2
30 april 2008
Seleksjes sneon 3 – 5
2 mei 2008

Oan de âlders fan de B-1 spilers
Achte âlders fan SDS B1.

Jo soan spilet yn de B-junioaren en no sneon 3 maaie 2008 is harren lêste thúswedstriid.
Fansels moat jo der mei bekend wêze dat de mannen in dreech seizoen ha.
Mar ûntank dat witte we de wille en nocht der wol aardich yn te hâlden mei dizze trochsetters!
Guon âlders ha ik wolris sjoen op it fjild, mar guon ek net.
Derom noegje ik jimme allegear ut om moarn nei De Skoalleseize yn Easterein te kommen en ús jonges oan te moedigjen!
Mochten hja winne, en dat moat einliks want we steane no lêste, dan kin it wêze dat der ek in lytse kollekte foar bitterballen hâlden wurd…
Graach oant moarn! 10.15 oere begjinne we!
Groetnis,
Klaas Pompstra, lieder mei Gerrit en beide mei nocht en wille!

Giet net troch
Wij hawwe troch krigen dat SDS 3 net troch giet sneon. Jan Stenekes, ien fan de spilers hat it ek troch krigen en hij is net bliid.

SDS-3 afgelast!
 
Dit bericht krijg je gemiddeld 1 keer in de 2 weken als je bij het 3e speelt. Ik vind het belachelijk dat er zo met een team om kan worden gegaan! Ik speel al jaren met veel plezier in het 3e, maar dit heb ik nog nooit meegemaakt. Ik begrijp heel  goed dat de prioriteit op dit moment bij het 1e en 2e elftal ligt, maar om ons nu voor de zoveelste keer in één seizoen af te lassen om deze reden vind ik wel erg makkelijk.
 
Misschien kunnen we voor het 3e een dinsdagavond competitie beginnen. Dan is de kans groter dat er genoeg mensen zijn. Alleen is de kans ook groot dat hierdoor mensen afhaken als lid. Ik zit op voetbal omdat dit op zaterdag is en niet op een doordeweekse avond.
Persoonlijk vind ik het erg triest dat het allemaal zo loopt. Ik zit nu voor de 5e keer dit seizoen op een zaterdag thuis, terwijl de bank bij het 1e en 2e waarschijnlijk te klein is voor het grote aantal wissels.
 
DRAMA!!!
 
M.v.g.
Gefrustreerde speler SDS 3

Nijs en berjochten?
At jim de kommende wike berjochten hawwe foar de side dan is it needsakelik dat it berjocht nei
sds-nijs@home.nl maild wurdt. Oars komt it der mooglik net op. Want Willem woe ek wolris yn in koarte broek rinne en dat docht dy “kâldklommer” graach yn in waarm lân.

Tank oan Dooitze
Dooitze Nauta is de fersoarger bij SDS. Sneons is hij der, mar ek tongersdeitejûns levert hij syn bijdrage oan seare ankels, seare knibbels en …seare skouders.
Stoffel Bouma koe dizze winter alles dwaan behalve traine. Op dy trainingstiid besocht Dooitze him wer fit te krijen foar sneon. Of wie it foar it keatsseizoen. Tongersdei kaam Stoffel mei de krâns thús. Tank sij Dooitze sille wij mar sizze.

Fraachje
Douwe Reitsma freget him ôf hoe’t it sit mei de rollade, dy’t Stoffel wûn hat. Is dy midstwa gien.

Seleksjes
Trochdat Himmelfeart dit jier al wer op tongersdei falt, is de liedersgearkomst mooglik noch net west. Wij moatte ôfwachtsje wannear de seleksjes bekind wurde.

Muzyk yn bedriuw
It is al mear as in heal jier lyn dat foar de ferbouwers fan de kantine wat muzyk oanfrege wie. De bedoeling wie dat er omstreeks de tiid fan de iepening tapaslike plaatsjes draaid wurde soene op Omrop Fryslân yn it programma muzyk yn bedriuw. Muzyk is fan alle tiden , dus op 5 maaie sil it wêze. Moarn tusken 9 en 11 oere wurdt er muzyk draaid spesjaal foar al dy frijwilligers. Harkje dus.

SDS trainers
Je kinne net sizze dat de eardere en takomstige SDS trainers dit jier net suksesfol binne.
Klaas Dijkstra giet mei syn Broekster Boys de neikompetysje yn, Lykle Bleekveld wurdt mei Nijlân kampioen, Dick Schuurmans hellet mei Oeverzwaluwen de neikompetysje en Kees Jansen degradeart net streekrjocht mar ûntsnapt mogelik troch neikompetysje oan degradaasje.

Nije kantine
Net allinne SDS krige yn oktober 2007 in nije kantine. Ek dy fan Eems Boys, de tsjinstanner fan SDS 1, waard iepene op 19 oktober. Hoe dat gie kinne jim hjir ûnder sjen.
 

Nijs, mail it nei sds-nijs@home.nl

Letter hjoed mear