Weppers freed 2-5

SDS League: Jodan Boys pakke wykpriis!
1 mei 2014
Seleksjes 3-5
2 mei 2014

Efkes Balje
Fansels om 19.30 oere!

Programma
It komplete programma fan moarn kinne jim
hjir sjen.

NOK-out
SDS 1 mei moarn nei Âldemirdum ta. Oftewol; NOK-out!

SDS D1
Wat een passie vanavond in het veld. Na een twee nul achterstand ging de beer los. Verdedigend werd de sterke schakel van Nieuweschoot  plotseling wel in toom gehouden en voorin volgde de ene aanvalsgolf de andere.
Bote werd uiteindelijk man of the match met zijn positiewissel van keeper naar spits. Hij pegelde de bal keihard op goal waarna Nykele attent was en cool scoorde. Tot aan het slot werd daarna keihard gevochten tot Bote zelf na een knappe teamactie scoorde. Vlak voor tijd schoot Steven nog op de lat. Al met al punt verdient en nu op naar Terschelling!
Tjerk

Seleksjes
As it goed is dan kinne jim hjoed yn de rin fan de dei de seleksjes foar moarn hjir ferwachtsje. Wij skatte yn tusken 15.00 en 16.00 oere.

Lêste wedstryd
SDS 2 hat moarn de lêste wedstryd fan it seizoen. Dit sil ek de lêste wedstryd fan Maarten de Jong wurde. Hy wurdt folgend seizoen trainer by Wispolia. SDS 2 is sels noch drok op syk nei in nije trainer. Wa ’t ien wit mei maile nei info@vv-sds.nl!

Lêste wedstryd?
Fansels hat SDS 2 moarn de lêste wedstryd fan it seizoen! Of soe SDS 2 dochs noch in Perioade pakke kinne as Knickerbockers kampioen wurdt en net promovere kin, wêrtroch dat Be Quick Dokkum, as sy winne, as nûmer 2 promoveart en SDS 2, as sy moarn winne, 3e wurdt en dêrtroch de Perioade fan Be Quick Dokkum 2 oernimt??

Stikje musyk
Nije wike sneon nei de lêste (thús)wedstryd fan it seizoen komt der in stikje muzyk yn de kantine. Gerrit Poortinga út Dronryp sil der foar soargje dat it dak derôf giet!

Frijwilligersjûn
Hienen jim al yn de aginda setten dat de
frijwilligersjûn op sneon 24 maaie is? Dan kinne jim dêr moai de Champions-League-finale sjen.

Derop út!
No ’t de iene wepmaster wer thús is kin de oare der moai efkes op út. De iene hat in blokje om west mei de fyts. De oare giet no ek in blokje om………….

Alderaardichst
Ek in soad topfuotballers binne ea lyts west:
fashion2
Klik om it grut wat grutter te sjen.
De foto wolteferstean……

Harsens derby(1265)
Dêr komt dy! Najgora’s Panenka……….