SDS League: Jodan Boys pakke wykpriis!

Weppers 1 maaie
30 april 2014
Weppers freed 2-5
1 mei 2014

Louis van Gaal sei alris dat it goed foar je fuotbalprestaasjes is as je krekt in lytse poppe krigen hawwe. Hy sei der net by dat dat ek foar de SDS League jild……
Foarige wike wie it Jaap Toering dy ’t de wykpriis pakte en no is it de beurt oan de “Jodan-Boys” fan Jeroen Brouwer. Hy docht dêrmei goeie saken, want stiet no dield 9e.


Jeroen mei de rest fan de “Jodan Boys”…..

De striid om it earste plak sil spannend wurde. “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens stiet noch boppe-oan, mar hat mar 2 puntsjes mear as “Gouden Loekie” fan Stefan van der Velde.

Yn it ien-nei-lêste wykein fan de SDS-League binne foar it earst dit seizoen de earste 5 plakken lyk bleaun. Wy hoopje al dat dat nei kommend wykein wat oars is.

Ids de Boer is ferhúze nei Boalsert en kin fêst noch wol wat jild brûke. Dan sil hy mei “Ids my life” al op it 36e plak stean bliuwe moatte. Hy is no noch koprinner fan it rjochter rygje.

It kampioenskip fan Ajax hat “FC (Rients) de Boer” goed dien. Hy stiet noch lêst, mar pakt samar it dûbel oantal punten fan de nûmer ien nei lêst “Strickey” fan Jort Strikwerda. Dochs tinke wy net dan “FC De Boer” de poedelpriis noch misgripe kin.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.