Weppers tongersdei 18-3
18 maart 2010Seleksjes 20-3
18 maart 2010Da1 earder
Wij krije troch dat de froulju fan SDS Da1 earder fuotbalje moatte. Om 11.00 oere yn Aldegea klear stean.
SDS-2 ferliest fjirde wedstriid op rij
Mei seis man moest SDS 2 seal it opnimme tsjin Blauw-Wit ut Ljouwert.
Nei fiif minuten stiene de mannen al efter mei 2-0. Dizze efterstân soe net mear yn rûn wurde. Begjin twadde helte wiene de wiksels op. Pieter krige in bal ferfelend tsjin syn inkel.
Einstân 6-4. Doelpuntemakkers fan SDS……. Andre (Net Bons) 1, Johan F 1, Johan H 2.
Johan
Programma Peasketiisdeitejûn
Op Peaskemoandei wurdt der al in pear jier net mear fuotballe. De jûns dêrnei des te faker. De KNVB hat yn elts gefal al 2 SDS-teams ynpland foar tiisdei 6 april:
18:30 SDS 1 – Be Quick Dokkum 1
18:30 BCV 2 – SDS 2
(Bron. www.voetbal.nl)
Foeilelijke sjurts (4)
Wy krigen in tip fan Feike Jorritsma oer in ferskriklijk lelijk sjurt. Wy kinne ús der wol aardich yn fine al is it wol apart dat hy krekt mei in sjurt fan The Canaries, Norwich City, komt dy ’t spilet yn de kleuren fan Feikes baas, A.Hak:
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.
Aaipop
Peaskemoandei is der fansels wer in Aaipop yn Nijlân. De KNVB hâldt hjir sûnt in pear jier jier rekken mei en soarget derfoar dat der net mear fuotballe wurdt op Peaskemoandei. Dit jier is der alwer in útsûndering want SDS B1 moat moarns om 10.30 fuotbalje tsjin Oeverzwaluwen B1. Sy kinne dêrnei fansels noch moai nei Aaipop. De foarferkeap is krekt los.
Klaverjasse
Feike Jorritsma wie tongersdeitejûn de winner bij it klaverjassen yn de kantine. Ype Tiemersma waard twadde en Stoffel Bouma gie mei brûns nei hûs.
Sigaar smoke
It is al jierren sa dat der net mear smookt wurde mei yn de dug-out by it fuotbaljen. De trainer Maradona hâldt him dêr fansels ek oan en smookt dan mar in dikke Cubaanse sigaar tidens de training:
Dit soe Dick ek wol stean.
Harsens derby (168)
By Feyenoord is it transferbeleid al jierren net wat it wêze moat. Wiljan Pluim spilet no by Vitesse en is by Feyenoord op gesprek west. Hy bewiist dat der noch net folle feroare is. Dit seit hy yn de nijste VI; “Feyenoord zocht een linkspoot, maar ik ben rechts” (klik hjir).
Harsens derby (169)
Roberto Carlos waard yn de winterstop troch Corinthians oernaam fan Fenerbahce. Hy kaam der fiersten te grau en liet oan ’t ôfrûne wykein noch net sjen dat hy altiten sa goed fuotbalje koe en mei nammen ek bekend stie om syn ôfstânsskotten. Nei syn earste goal foar Corinthians ôfrûne sneon is it klear: