Evenementen in december 2022

Weppers tongersdei 18-1-18
18 januari 2018
Sneon 20-1-2018
20 januari 2018

Oefenwedstriid: SDS 1 – AVC 1

SDS 1 oefent moarn om 14.30 oere tsjin de koprinner fan de 4e-Klasse B AVC.It is al de tredde kear dat wy dit seizoen tsjin de ploech fan âld-SDS-trainer Hylke Schrale fuotbalje. Sawol yn de beker as oan it begjin fan it seizoen yn in oefenwedstryd waard der tsjinelkoar oefene. De seleksje fan SDS 1 foar moarn sjocht der sa út:  fb, edb, gjb, bd, wh, hdh, rh, hdj, al, lvdp, jp, mr, gs, ps, jt en ph.

Kompetysje of oefenje?

SDS 1 moat nije wike sneon foar it earst wer los yn de kompetysje. Dit sil barre moatte op écht gêrs út by De Wâlde. Mocht dit net trochgean dan oefent SDS 1 tsjin 2e-Klasser sc Joure 1.

Oefenwedstriid: SDS 4 – sc Bolsward 4

SDS 4 sil moarn om 12.00 oere efkes oefenje tsjin sc Bolsward 4. De folgende mannen wurde om 11.30 oere op it sportkompleks ferwachte; Rick van de Cactus, Wouter-Jan, Jelle, KB, Steffen, Gert-Jan, Remon, Tseard, Allert, Broer, Thomas, Peter, Johan, Eeltje, Andries en Igor.

Oefenwedstriid: sc Bolsward 2 – SDS 2 g.n.t.

De oefenwedstriid tusken SDS 2 en sc Bolsward 2 giet spitich genôch net troch. SDS 2 hat net genôch spilers. SDS 2 sil no efkes traine rûn in oer as 16.30 oere as der genôch fuotballers binne.

Oefenwedstriid: SDS JO15-2 – SDS JO 15-3 g.n.t.

De oefenwedstriid fan moarn tusken de JO15-2 en JO15-3 giet moarn net troch. Dizze oefenwedstriid wurdt no heechstwierskynlik op sneon 10 febrewaris spile.

Kantine iepen?!

Troch it keunstgersfjild wurdt der tsjintwurdich yn de winterstop faak yn Easterein fuotballe en dat betsjut dat de kantine ek faker iepen moat. It slagget de Skoalleseize net altiten om hjir ek noch frijwilligers foar te finen. Wy as bestjoer fan SDS dogge ús best om efentuele gatten wat op te fullen. Sa is de kantine moarn fanôf in oer as 13.16 oere iepen en sil der in oer as 17.32 oere ticht. Mochten der lju wêze dy ’t moarn of oars ek wolris efter de bar wolle, lit it ús dan efkes witte fia info@vv-sds.nl!

Grote Clubactie

Sa ’n Grote Clubactie is sa gek noch net. It levert SDS dit kear sa ’n €960,- op. Tige by tige!

Hurde wyn

Ek in soad fuotbalklups hawwe juster skea oprûn troch de hurde wyn………..