Weppers freed 18-8-2017

SDS JO19-1 hat in nije trainer!
15 augustus 2017
Weppers snein 20-8-2017
20 augustus 2017

Efkes Balje

Jûn yn Easterein. Om 19.30 oere.

SDS 1


Justerjûn traind ûnder lieding fan Robert Hoekstra en sneon al wer de twadde oefenwedstriid. Nei FC Dordrecht thús, no Heeg út. Sneontemiddei om 14.30 oere.

SDS VR1 en Vr2


Diego Maradonna is yn Nederlân, hearden en seagen wij okkerlêsten. Trainde yn Mierlo en kocht ûnderbroeken en in paraplu bij de Hema. Juster tochten wij efkes dat de foarsitter fan SDS, dy’t wol gauris te sjen is yn it Maradonna hand of God sjurt, de Argentijn nei Easterein helle hie foar in gasttraining bij de froulju fan SDS. Doe’t wij hiel ticht bij kamen, moasten wij konstatearje dat it in look-alike- wie….út Wommels

SDS B1


Sa’n 25 kilometer fierderop is in festival oan de gong mei in hiel soad minsken, dy’t yn trance en op knibbels de muzyk belibje en  wêrfan it liket dat se wat “ferdwaald omrinne” op it terrein en yn de stêd Ljouwert. Hiel efkes tochten wij juster dat er in groep echt ferdwaald wie. Doe’t de sessie dien wie, seagen wij dat it de training fan B1 wie.