Weppers freed 18-6

SDS Wk leaugue (20 wedstriden)
17 juni 2010
SDS Wk leaugue (23 wedstriden)
18 juni 2010

Weppers
It oantal weppers koe de kommende dagen feest wolris wat minder wêze kinne. Der binne feesten yn Wommels en de wepmasters binne no ien kear ferskriklike feestbeesten.

Tuskenstanden
De tuksenstannen yn de Wk Leaugue kinne jim fansels wol sjen oan de eind fan de jûn of moarns hiel betiid.

Feesten en fuotbal sjen
Sneon moat Nederlân wer fuotbalje. Dat betsjut dat alles wat oranje is wer út de kast moat. De feestkommisje (of de horeka) yn Wommels hat soarge dat de tinte geskikt is om meielkoar it fuotbal te sjen.

WK yn Easterein
Moarn (19 juni) spilet it Nederlânsk âlvetal tsjin Japan. Fanôf 13 oere is elts (yn it Oranje) wolkom yn de Skoalleseize, wer’t de wedstriid op it grutte skerm te sjen is. D’r wurd in poule organisseart, wa’t hjir oan mei dwaan wol kin by binnenkomst de rust -en einstân troch jaan, de ynlis is 2 euro. Yn de rust wurd d’r ek noch in ferlotting hâlden.

Keatse yn Itens
It is spitich dat de earste klas keatspartij yn Itens dit jier wat raar falt. It WK fuotbal is in ferfelende spulbrekker. Mar dochs geane se dêr om 11.00 oere los foar de earste klas keatspartij útnoeging. En der steane moai wat SDS-ers op de list.

Letter mear