Weppers freed 17-7

A-seleksje en oefenprogramma bekend
16 juli 2009
Bekeryndielingen 2009-2010
18 juli 2009

Âlde gezichten
Juster koenen jim hjir de nije A-seleksje foar it seizoen 2009-2010 besjen. Der binne miskien 2 opfallende nammen yn dy nije A-seleksje. Nei foarich seizoen wie it noch net hielendal wis as Harm Stremler trochgean soe. Harm hat no te kennen jûn yn elts gefal noch in jier troch te gean yn SDS 1.
Gert-Jan Hiemstra sit ek wer by de A-seleksje. Hy wol noch ien kear sjen as it lichem it hâld.

Nije gezichten
Der binne 2 spilers út de A-junioaren oerkaam nei SDS 1. Dit binne Freek Tichelman en Ewout de Boer. Oan it ein fan foarich seizoen trainden sy al geregeld mei mei it earste.
 
Ewout de Boer en Freek Tichelman

18 man
De A-seleksje is aardich ynkoarten neffens foarich seizoen. Trainer Dick Schuurman hie doe oan it begjin fan it seizoen 23 man ta syn beskikking. No binne dit der “mar” 18. Dit sille al gau 17 wurde om ’t Jelmer Posthumus foar syn wurk by defensje in heal jier nei Afghanistan sil.

SC Spirit ’30?
Opfallende namme yn it oefenskema fan SDS 1 is mei nammen de earste oefentsjinstanner, SC Spirit ’30. Wy binne efkes oan it strúnen west op it ynternet en komme út by in klup út Hoogkarspel(klik
hjir). Sy spylje al mear as 15 jier yn de 4e Klasse regio West I op snein en waarden it ôfrûne jier 5e. Hoe ’t sy derby komme op sneon 1 augustus yn Easterein tsjin SDS 1 te oefenjen witte wy ek net.

Nei Snits?
Trije jeugdfuotballers dy ’t it ôfrûne seizoen noch by SDS te bewonderjen wienen, sille folgend seizoen yn Snits fuotbalje. Ruerd Visser giet by SneekWitZwart fuotbaljen en syn broerke, Jelle-Jan, by LSC 1890. Ek Remco Hylkema sil nei Snits ta te fuotbaljen. Wy witte allinnich net by welke feriening.

Beker SDS 2
SDS 2 komt kommend seizoen ek wer út yn de beker. Sy sitte yn de poule by:
Hardegaryp 3
Dokkum 2
Leeuwarder Zwaluwen 3.
Moarn sille wy fan alle teams dy ’t yn de beker sitte efkes de yndieling op de webside sette.

WK  15 juli 2009

Echte fans hiene it WK bestjoer al benaderd wer toch die ferslagen bleaune fan ôfrune wike. Oer mandei wie wiedweidich ferslach dient op www.wommels.nl en it ferslach oer wansdei liet effkes op sich wachten troch wat drokte. Hjirbij in iets ferlet ferslach fan it woelige WK fan wansdei 15 juli 2009. Wat foel der dizze edysje op?

– Debuut fan Harm Stremler, welke hij “sels”  wol aardich slagge fûn

– 4 panna’s bij (p)Anne Steen

– Gjin Haitsma’s en Postma’s resulteerde yn in ongekende rust op it fjild

– It WK bestjoer sit kommende snein yn Spoorloos om Ralph te siikjen

De party wie frij iensiedig, weryn it team Willem, Hendrik E., Hjalmar en Jaap de boppe toan fierden.

Team Harm, Anne, Hendrik de J. en Pieter K. koene hun draai net fyne en goaiden dit dan ek op wedstriidritme. Bij in stân fan 11-3 wie ek sels de winnende goal yn it foardiel fan team Willem. Der is moai foutbalt mar der is te merken dat iederien begjint ta te libjen nei de Grande Finale fan it WK.

Namens it WK Bestjoer,

Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof

“It tomaatsje”
Dirk de Jong en syn freondinne seagene tidens harren fakansje op Mallorca frjemd op doe ’t sy plotseling by Hotel Ben Hur Sytze Hibma tsjin it liif rûnen. Sytze wie dêr fansels mei Jelmer Posthumus, Redmer Strikwerda en “it tomaatsje”; Eeltsje Postma. Sjoch hjirûnder wêrom Eeltsje op Mallorca “it tomaatsje” neamd wurd.

“It tomaatsje” is te herkennen oan it grutte knineblêd wat hy by him hat………….

Atouba (4)
De nije Ajacied Atouba hat ek efkes by Tottenham Hotspur yn Ingelânfuotballe. Dêr genoaten sy fan syn dribbles dy ’t liken of dûnse hy:



Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!