Weppers tongersdei 15-9
14 september 2011Seleksjes sneon 17-9
15 september 2011Utslach kaarten
1ste Feike Jorritsma mei 4955 pnt
2de Bram v. Beem mei 4933 pnt
3de Harm Bergsma mei 4919 pnt
Seleksjes
Yn de rin fan de dei komme de seleksjes wer op de side te stean. Alle 5 senioreanalvetallen moatte yn alle gefallen it fjild yn.
Programma
It programma fan moarn sjocht der sa út.
B1
Moarn 12 oere balje en 11 oere yn de boks. De klaaiboks wol te ferstean
C1
Sij steane wol ynplend foar sneon mar dat is no al ferskood nei tiisdeitejûn om 18.30 oere yn Tsjummearum
MC1
Sneon sille de famkes fan MC1 harren earste wedstriid spylje.
Omdat der in hiel soad oanmeldings wiene foar dit team geane der twa famkes oer nei DA2.
Dizze twa , Sanne Rixt en Jitske sille dan ek sneon harren earste en ofskiidswedstriid spylje foar MC1.
Dernei sille se spylje foar DA2 .
NTK
De Nederlânske Technykkampioenskippen steane der oan te kommen. Neffens it berjocht soe der yn de hjerstfakânsje in mooglikheid komme yn Makkym, Snits en Ljouwert. Jim kinne oer de opset hjir alles lêze.
Oh ja, it jildt foar bern fan 7 oant 15.
Foto’s
Wij sjogge mei belangstelling út nei de alvetalfoto’s. Miskien moarn foarôf oan de wedstriid?
Leve de twitter
Guidettie is de nije Sweedske spit fan Feyenoord. Juster moast hij nei Sweden werom foar in begraffenis fan syn pake. Syn freondinne bliuwt efter yn Rotterdam. Dat is wol spannend en dêrom komt heit út Sweden om de dochter selsskip te hâlden (fandêr dat Guidetti allegear fleankaartsjes bedongen hat yn syn kontrakt) . En dan twittert Sanne Dahlstrom it folgjende
Neat mis mei soene wij sizze, mar dat sjogge de fanatike Rotterdammers efkes oars. Winkelje yn 020?? Dus krijt dat earme famke de wyn fan foaren. Dus twittert se in oerke letter
Greidhoekefestival
Sneontejûn fanôf 19.00 oere is bij it swimbad yn Wommels it Greidhoekefestifal. Tal fan optredens steane op it programma, mar it absolute hichtepunt soe wolris Boys Named Sue wurde kinne. Johnny Cash sa goed as Cash wie.