Weppers freed 16-4

Weppers tongersdei 15-4
14 april 2010
Seleksjes sneon 17-4
16 april 2010

Needgjalp
Zaterdag 17 april zijn er te weinig vaste scheidrechters om alle wedstrijden te kunnen fluiten. 
D1 en C2 hebben geen scheidrechter door het uitvallen van Andre Bons. 
Wie-o-wie wil deze teams fluiten? 
Graag effe regelen via Douwe Durk Reitsma, want de vinkjes zijn gevlogen. 
vriendelijke groeten, Andre Vink

Seleksjes
De seleksjes kinne jim om 14.12 hjir besjen.

SDS 1
SDS 1 hat justerjûn yn Wytmarsum mei 2-1 ferlern fan Mulier. De earste helte wie mar slop en SDS kaam mei 2-0 efter. In donderspeech yn de rust fan Dick moast hjir yn de twadde helte feroaring yn bringe. Dit slagge mar heal. It wie Jacob-Klaas dy ’t de 2-1 makke. Neffens eigen sizzen levere him dit al in kratsje bier op fan leider Marco Hoekstra.

Oppasse?
Wa ’t nocht hat om sneontemiddei op in alderaardichst jonkje op te passen dy kin him melde by Dennis Dijkstra. Nee, Dennis hat dit kear gjin oppas nedich, mar wol syn soantsje Boaz sadat heit Dennis “rêstich” bolje kin mei SDS 2 út tsjin Flevo Boys yn Emmeloord.

Klaverjasse
Op it treflik earste plak Elly fan Ype mei 5506 punten, twadde wie boem, boem Sjaarda mei 5335 punten en it tredde plakje wie foar Feite, dy’t fan de trainer rêst krigen hie mar by it kaarten de folle ynset toande, mei 5257 punten.
Op it fjirde plak, krekt neist it ereskavot, fûnen we Ype fan Elly mei 4809. 
Oebele

Oare namme
Wij krigen fan Jappie Wijnia in fersyk.
Hallo Aant en Willem,
Sjanet en Jappie willen graag de naam van ons team in de SDS League wijzigen. Kan dit nog?.
Nieuwe naam: PSV geen kampioen

Foto’s training F 5

Henk Bootsma wie woansdeitejûn bij in training fan F5. En dat waarden kleurrike foto’s. Jim kinne in hiele reportaazje op syn side sjen.

E1 en 2 traine

Ek fan de training fan E1 en E2 makke hij noch wat foto’s. Ek dy binne
op syn side te sjen.

Foeilelijke sjurts (26)
Blaise N’Kufo fan FC Twente giet nei dit seizoen nei Seatlle Saunders yn Kanada. Hy wist fêst net fan dit ferskriklike sjurt:


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (194)
Hjir wie Chris Kamara alwer:




Letter miskien wol mear!