Weppers freed 16-3

Seleksjes sneon 17-3
15 maart 2012
SDS League: Parel 2 pakt de wykpriis!
15 maart 2012

B-junioren
Moarn 11 oere yn de boks wie de bedoeling mar it giet net troch. Der binne te min spilers.

Jierdeis freed
Wij soene de jierdeis fan hjoed hast ferjitte. Mar dan soene wij Igor Kalinowski (23) , Evelien Hiemstra(14) en Nies Douwe Yntema (16) te koart dwaan. Fan herte lokwinske.

Jierdei sneon
Miskien is it goed om in kear in dei foarút te sjen. Wessel Wijnja hat moarn syn jierdei. Hij wurdt 9. Alfêst lokwinske.

Seleksjes
De seleksjes fan moarn kinne jim
hjir sjen.

ONT 1 – SDS 1
Sneon mei SDS 1 nei de Pein om te baljen tsjin ONT. Beide klups binne elkoar wolris faker tsjin kaam. Wolle jim mear witte fan de klup dan soe in blik op harren
webside net ferkeard wêze en wolle jim mear witte oer wat beide klups mei elkoar hân hawwe en wat sij dit jier belibbe hawwe yn de 2de klasse, dan kinne jim hjir sjen.
Wij krije it folgjende berjocht troch fan Sjouke Walinga fan ONT:
Moarn ONT – SDS. Foar jim spilers, trainer, ensh en de supporters goed om te witten dat sy in stikje omride moatte. Fan Ljouwert ôf leit de dyk tusken Nygea en De Pein der út. Dat betsjut trochride oan de earste ôfslach by Drachten en dan de buorden Opeinde folgje.

RES C1 – SDS C1 2 – 5 (oefenwedstrijd)
Je hebt  wedstrijden dat iedereen wat over heeft. Pieter heerste op het middenveld. Matthijs speelde leep. Frank was de strateeg. Gerwin, Wiebe en Jan Fokko gaven niks weg en waren super in de opbouw. Haye Jan speelde de wedstrijd van zijn leven met Atze tevreden langs de lijn. Gert Jan speelde volgens zichzelf matig, maar niemand snapte dit. Watze op linksachter was superieur. Remon viel prima in. Heit Jan Bouke was scherp met de vlag. Almar dribbelde en ronde een mooie aanval schitterend af. Lourens was subliem, drie fantastische goals en twee assists. Hij kon meteen een contract tekenen bij RES! Broertje Piter zorgde voor verliefde blikken langs de lijn door een weergaloze assist op brothers hoofd. Zijn klasgenootjes (net getraind op het veld ernaast) wisten niet wat ze zagen! Casper ronde een voorzet fraai af en werkte keihard. Tot slot was daar Jorrit die geblesseerd present was met Tina en Jacob. Onder de trouwe supporters een vreemde eend: Ilse (nu Da2.) Ze kwam voor een speler van RES, maar moet nu wel onder de indruk van de SDS boys zijn! Natuurlijk vergeet ik de vaste ‘H+M side’-leden Evert en Sippie, Jurjen en Anneke niet. En waar was de technisch manager Remco? Juist, in Gelsenkirchen bij The Hunter. Heel blauw-wit Bolsward bleef verbijsterd achter: speelt dit team echt derde klasse??? ja dus.. 
Tjerk

SDS 5 net blij(a)
SDS 5 – Blija 2 hie de wedstriid fan de dei wurde moatten. Om 14.30 oere op it A-fjild. Helaas bliuwt it in leech fjild. Blija 2 komt net. De wedstriid giet dus net troch en de mannen fan SDS5 sille it dizze wike sûnder fuotbal dwaan moatte.

Efkes Balje
Wa’t net sûnder fuotbal kin en sneon net balje kin of wol, hat de gelegenheid om op freedtejûn efkes Efkes te Baljen. Dus wat hâldt de leafhawwer noch tsjin om jûn efkes te kommen. De echte leafhawwers fan SDS 5, dy’t dizze wike oars ferstutsen bliuwe fan bewege, binne fansels ek wolkom om op it “EfkesBalje nivo” mei te dwaan. Om 19.30 oere.

Klaverjasse

Justerjûn waard der wer klaverjast yn de kantine. 12 kaarters striden wer om de heechste eare. De rollade wie dizze kear foar Geert Dijkstra (5831), twadde wie Symen Kingma (5320) en tredde waard  Gerke Jellema (5031). De poedelpriis wie dizze kear foar “good” en foaral ek “old” Abe Stegenga (3533)

Programma
It programma foar sneon kinne jim
hjir sjen. In protte útwedstriden dizze kear, mar de kofferbakken graach rom hâlde om de 3 punten wol mei te nimmen nei Easterein.

PSV-SC Hearrenfean
Ien dan wepmasters docht snein in swarte broek oan. Meastal rint hij yn it blau. Mar no wol hij him oanpasse oan de omstannicheden. Hij ferwachtet dat de treurnis yn Eindhoven snein om 16.30 oere flink húshâlde sil at SC Hearrenfean dêr wint en hij dêr tsjûge fan wêze mei. Hij is der dan op klaaid. En at syn Feyenoord Twente ek noch oan de kant set, is hij hielendal út de skroeven en docht er thús wer gau blau oan.

Harsens derby (712)
Froulju kinne net betiid genôch mei fuotbaljen begjinne
. Dan foarkomme jo miskien letter soks: