SDS League: Parel 2 pakt de wykpriis!

Weppers freed 16-3
15 maart 2012
Utslaggen sneon 17-3
17 maart 2012

It is dizze wike Marije de Vries dy ’t de wykpriis pakt mei “Parel 2”. Sy bliuwt hjirmei harsels en Eeltsje 2 punten foar mei “MarijeEel”.

Marije hat der no al nocht yn om dit Eeltsje de hiele wike ûnder de noas te wriuwen.

De plysje is oan it staken, mar de “Sytycops” fan Sytze Kooistra sitte net stil. Sy fleane mei in needgang fan 10 nei 1 en binne de nije koprinners. Mar goed dat der net flitst wurdt.

“Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens kneppelt fan it 1e plak ôf en stiet no 14e.

By de famylje Bervoets is it op it heden aardich rêstich. Harren favoriten PSV dogge it net al te best en dan wurdt der aardich prottele op “Frederiklaan 10”. Sy sakje dizze wike fan 8 nei 26.

Ûnder oan de list wurdt der oan stuorke wikseljen dien. “De oanwinsten fan 2011” fan Teade de Boer steane no ûnderoan, mei “Syb”(Overal) dêr ien puntsje boppe en “Meastal Boppe-oan” fan Dooitze Nauta dêr wer 3 puntsjes boppe.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.