Weppers freed 16-11

Sealweppers
14 november 2012
Seleksjes 17-11
15 november 2012

Seleksjes
SDS 1 en SDS 4 thús, SDS 2 nei Grins, SDS 5 nei Wâldsein en SDS 3 nei Dolsterhuzen dêr sille se justerjûn rekken mei holden hawwe om de seleksjes gear te stallen. Wij hope se letter hjoed te pleatsen.

Opfallend
Fan de 5 seniorenalvetallen moatte der sneon 4 betiid fuotbalje. Foaral bij SDS 2 sille se de wekker sette moatte om op tiid op it fjild yn Grins te stean.

SDS 1 tsjin Kollum 1
Sneon moat SDS 1 oantrede tsjin Kollum 1. De haadtrainer fan Kollum is Ronny Pander en dy stiet earne yn
dizze lange rige fuotballers.

Nij lid
Mark Postma is wer lid wurden fan SDS. Wy binne benijd wannear ’t hy fuotbalje mei, want it is noch net hielendal rûn mei de KNVB.

Alde doaze
Pieter Veenje meelde ús in foto en hij frege him ôf at wij
dizze jongfeint ek kinne. It is in foto fan 1978, doe’t der fan dy moaie giele spilerskaarten wiene.

Noflike jûn
Op vrijdag 16 november organiseren wij als TC-jeugd een leerzame en gezellige avond voor alle trainers en ook leiders van de jeugdelftallen.
De avond zal bestaan uit een voorbeeldtraining, het eventueel ontwikkelen van een gezamenlijke visie en het uitwisselen van ideeën, alles vergezeld met een hapje en een drankje.
Groetnis namens de TC-jeugd:
Hans van der Schaar

Efkes Balje
Om dy selde tiid kin der ek wer Efkes Balle wurde, hoewol der mooglik in steveige konkurrinsje is fan de Noflike jûn sa’t dat hjir boppe stiet, want it binne foaral trainers en lieders dy’t faak Efkes Balje. At dit mar goed komt.

Bruce
De grutste Brucefan fan SDS is sûnder twivel Pieter de Boer. Hij twittere duizze wike in geruggie dat Bruce Springsteen yn 2013 nei it PSV stadion komt. It is wat flau om dan op te merken dat der eindelik wat te belibjen is dêr. Foar al dy PSV fans dy’t der ek dit jier wer yn leauwe sjongt
Bruce.

Harsens derby(890)
Fansels hie hjir de goal fan Zlatan stean moatten, mar dy hat eltsenien al sjoen. Dan dizze mar: