Sealweppers

SDS League: Aant pakt wykpriis!
14 november 2012
Weppers freed 16-11
15 november 2012

SDS 1 seal
De sealfuotballers fan SDS 1 mochten justerjûn nei Stobbegat foar de wedstryd tsjin FFS 1, de klup wêr ’t foarhinne mannen as Jeffrey Talan, Erik ten Voorde, Marc van Eijk en Jan Vlap fuotbalden. Wy binne benijd wat sy dien hawwe.

WK-sealfuotbal
Op dit momint is it WK-futsal dwaande yn Tailân. It is te folgjen op Eurosport 1 en 2 en by tiden wier de muoite wurdich. Ziggo-abonnees kinne op dit momint Eurosport 2 ek fergees krije(netnûmer 411).

OFK
Kommende freed is om 20.30 de lotting foar it jierlijkse OFK yn Frjentsjer(foarhinne Midwintercup). SDS 1 froulju, SDS 1 fjild en SDS 1 âld-seal sitte ek yn de koker. SDS 1 froulju mei noch 47 frouljusteams en de SDS-manlju mei noch 94 manljusteams. Wy binne benijd.

Alde doaze
Wij seagen no ek mar efkes yn de “âlde-seal-doaze” en komme dan mei
in foto út 1996.

Sealclinics en -toernoaien
Fan ’t winter sil de jeugd fan SDS wer ferskeidene keren in clinic en/of in sealtoernoai hawwe. Ek de senioaren mannen en froulju hawwe wer harren jierlijkse sealtoernoai. Sjoch hjir foar de foarlopige data:

Categorie Evenement Datum
F6 Clinic 1-12-2012
D-pupillen Kersttoernooi 15-12-2012
Froulju en famkes Kersttoernooi 22-12-2012
F-pupillen  Nieuwjaarstoernooi 5-1-2013
E-pupillen Nieuwjaarstoernooi 5-1-2013
B en C junioren Nieuwjaarstoernooi 12-1-2013
F-pupillen Clinic 19-1-2013
Senioren+ A-junioren Nieuwjaarstoernooi 19-1-2013
E-pupillen Clinic 2-2-2013
F-pupillen Clinic 16-2-2013
Dizze data steane noch net hielendal fêst, dus wy hâlde in slach om de earm.

Harsens derby(891)
Falcao út Brazilië wurdt sjoen as de beste futsaller ea. Ek hy docht moai oan it WK-futsal yn Tailân. Wêrom ’t hy de beste is? ûnder oare hjir om: