Weppers freed 15-5

Weppers tongersdei 14-5
13 mei 2009
Seleksjes sneon 16-5
14 mei 2009

Seleksjes Floris Hiemstra wedstryd
Jûn om 19.30 is der in ôfskiedswedtriid foar Floris Hiemstra. Ald SDS 1 en it hjoeddeiske SDS 1 nimme it tsjinelkoar op. Sa sjogge de seleksjes der út.

Ald SDS 1 SDS 1
1. Egbert Bootsma 1. Jaap Toering
2.Wouter Hijlkema        2.  Skelte Anema
3. Gert-Jan Hiemstra 3.  Feiko Broersma
4. Robert Sybesma 4.  Erik Haitsma
5.Klaas Visser 5.  Jacob  Haitsma
6.Jan Weijer 6.  Tsjeard Halbersma
7.Gerrit Terpstra 7.  Hendrik de Jong
8. Wichard Deinum 8.  Dirk-Yde Sjaarda
9. Jappie Wijnia 9.  Tsjipke-K. Okkema
10. Anne Stenekes           10. Henk Postma
11. Feite de Haan 11. Arnoud Koster
12. Harm Stremler 12. Redmer Strikwerda
13. Peter Sybesma 13. Jelmer Posthumus
   
Koach Klaas Dijkstra Dick Schuurman
Assistint Floris Hiemstra René Zijlstra
Grins Geert Hiemstra Anne Brouwer
Fersoarger Dooitze Nauta Dooitze Nauta
Liedsman Friso Albada  


Út Dommelen?
Altiten hawwe wy tocht dat Hendrik de Jong hikke en tein wie yn Easterein en sûnt in pear jier yn Wommels wennet. Justerjûn binne wy ûnder it genot fan in fleske bier der efter kommen dat Hendrik eins út Dommelen komt(klik hjir). Wy kamen hjir efter doe ’t Hendrik nei it trainen de douchetegels wat fan te tichtby besjoen hie………..

Heren, 
Juster hat JK te kennen jûn in lange warming up nedich te wêzen. Se binne tink ik in bytsje benaud foar de alde garde! Dit betsjut dat it earste jûn om 18.50 oanwezich wêze moat. 
Oant jûn! 
Dick

SDS 2 der op út
Sneon 23 maaie giet SDS 2 it seizoen ofsluten. 15.30 fertrekke út it Noard yn Wommels. Fyts meinimme. Der sil wokt en boeregolfd wurde yn de buert fan Boalsert. Kosten 35 euro per persoan dat is ynklusyf drinken.
De seleksje is sa:
Klaas O en Klaas O, Robert S, Marten F. Jelmer P. Syb O, Hendrik de J., Arjan P, Jildert H, Willem W, Henk P, Anne S, Remco B, Bauke D, Dennis D, Gerrit F, Feite de H, Jan S. J, Wichard D, Sytse K, Eeltje P, Hjalmar R, en Willem O.

Seleksjes SDS 4,5 en 6
Letter hjoed de seleksjes fan SDS 4, 5 en 6.

Troudei
Wij skatte yn dat SDS 4 moarn net yn topfoarm is. Sij hawwe hjoed in troufeest. Lieuwe Jan van der Brug giet de lange hier yn. Wij winskje Lieuwe Jan in prachtige dei ta.

Thús
Bliid binne wij dat wij melde kinne dat Jelle de Boer werom is op Skrok. Hij sil de kommende moannen wer oansterkje en kondysje opbouwe.

Kantine
Wij hawwe fan it bestjoer fan de Skoalleseize troch krigen dat de kantine sneon fan 12.30 oant 15.30 net iepen is. Dit omdat der dan thús gjin programma is.

Kampioen?
SDS E1 kin sneon kampioen wurde. Sij moatte thús tsjin de koprinner en bij winst is it “kat in’t bakkie”. Om 9.00 begjint it en wij wolle jim oproppe om efkes te kommen want it is betiden in lust om dit team fuotbaljen te sjen.

Bargjeknoeie
SDS 5 slút sneon it seizoen of yn de tún bij Eddy. Ek at it waar wat suterich is giet it wol troch. Om goed 4 oere giet it oan.

SDS DaJ- Leeuwarden Da1
De famkes hawwe justerjun mei 0-4 ferlern fan Leeuwarden. Bij it skoft wie it noch 0-1.


Útsje SDS-froulju
De SDS-froulju hawwe ek wol in útsje fertsjinne. Folgende wike sille sy mei syn allen mei eltsenien dy ’t harren holpen hat nei it Fean. Sy moatte harren al efkes opjaan. Lês der
hjir alles oer.

Net bliid
Wy fûnen noch in moaie foto (foto Henk Bootsma)yn ús archyf. Ôfrûne sneon pakte Gerrit Flisijn mei it keatsen de earste priis en waard ek noch kening. Yn de finale fersloech hy syn eardere maat Jacob-Klaas Haitsma. Dizze foto út it ferline seit alles:

“Hindert neat Jacob, de folgende is foar dy……….”

Lekker los
No snappe wy fan wa ’t Eeltsje Postma dat ritueel krekt foar de wedstryd hat: