Weppers tongersdei 14-5

Weppers woansdei 13-5
12 mei 2009
Weppers freed 15-5
14 mei 2009

SDS 2 der op ut
Sneon 23 giet SDS it seizoen ofsluten. 15.30 fertrekke ut it Noard yn Wommels. Fyts meinimme. Der sil wokt en boeregolft wurde. Kosten 35 euro per persoan dat is ynklusyf drinken.
De seleksje is sa:
Klaas O en Klaas O, Robert S, Marten F. Jelmer P. Syb O, Hendrik de J., Arjan P, Jildert H, Willem W, Henk P, Anne S, Remco B, Bauke D, Dennis D, Gerrit F, Feite de H, Jan S. J, Wichard D, Sytse K, Eeltje P, Hjalmar R, Willem O

Famkesmaaie
De famkes begjinne al echte profs te wurden. Twa kear yn de wike balje. Jûn yn Easterein tsjin Leeuwarden. Dus kom efkes sjen en moedigje de froulju oan.

Helaas

Wij woene it leaver wat stil hâlde de einstân fan it amateurfuotbalspul. Mar Minne Bonnema tinkt dêr oars oer. Dus at jim Minne syn gedachten folgje wolle, klik it printsje dan oan. Hawwe jim begrutsjen mei ús klik it dan  foaral net oan.

Treffergearkomst
De lêste Treffer fan it seizoen komt ek hast wer út. De Trefferredaksje hat jûn om 21.30 in gearkomst. Hawwe jim noch stikken(jierferslagen) foar yn de nije Treffer mail se dan sa gau mooglik nei DeTreffer@vv-sds.nl.

Goed
Wij krigen noch in goeie reaksje fan de kroechrinnersfoto:
Volgens mij binne dit Durk de J , Tsjipke, DY, Hindrik en Marten. 
Groetnis famylje Sjaarda

Traine
It 1e en 2e traine jûn meielkoar om 19.30 oere.
Foar it earste sil Dooitze dêrnei noch iets fertelle oer it ferskil tusken in dug out en dug in.
groet Dick

Dug-out
Dooitze Nauta sil it jûn nei de lêste training ûnder oare hawwe oer de dug-out. Hy wie hiel benijd as hjir ek noch in Frysk wurd foar wie. Hawwe jim in idee? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

SDS League
Wy hoopje jûn nei de lêste training fan SDS 1 en 2 de einstân fan de SDS League yn de kantine bekend meitsje te kinnen. Hy komt dan moarn op de webside.

Trefzeker
Henke Larsson mei dan al aardich op leeftyd wêze, hy is noch altiten “trefzeker”: