Weppers freed 15-2

Weppers tongersdei 14-2
14 februari 2008
Seleksjes sneon 16 febr.
14 februari 2008

SDS League(1)
Doch ek mei oan de SDS League!
Sjoch
hjir foar de nije list.
Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 16 febrewaris om 19.00! Dat is moarn.
Mail jim nije teams nei
SDSLeague@vv-sds.nl of lever je team yn by Roel Sybesma of Willem Wijnia.
Der lizze ek formulieren yn de kantine.

SDS League(2)
It hat net folle sin om te wachtsjen  op de útslach fan Sparta-Ajax foar it ynleverjen fan de SDS League. Dizze wedstryd telt net mei yn de earste stân. De oare wedstriden fan dit wykein wol.

SDS1 – Trynwâlden 1
De wedstriid stie al earder op it programma. Om efkes de stân fan saken te besjen tusken beide klups, kinne jim
hjir klikke.

Seleksjes
Yn de rin fan dizze dei kinne jim de seleksjes fan  de senioren sjen foar kommende sneon.

Futsal 3
Woansdeitejûn hat futsal 3 tsjin it heger pleatste Workum wûn mei 4-3. Doelpunten wiene der fan Jacob (2) Johan en Pieter

Dit goeie resultaat hat der ta lied dat de ploech yn nije Okkema klean stutsen wurdt.

 

SDS 3
Tongersdeitejûn hat SDS 3 oefene tsjin Oeverzwaluwen 2. It resultaat is “net om nei webmasters te mailen”. Wij hawwe ûndanks dat fernommen dat it 6-1 wurden is foar de Koudummers

 

You never “wok”  alone
Under dy inspirearende titel sil SDS 5 in jûn der op út. Op 22 maart sil der wokt wurde yn Boalsert.

 

Opkomst
De opkomst bij de training fan SDS 4 en SDS 5 wie tongersdeitejûn net super. 7 man is te min foar in leuke partij. Der waard no foaral oefene op ôfronde. En Lieuwe Jan en Coen fûnen dat suver wol sa moai as partijtsje dwaan.

Panna
In panna is leuk. Mei nammen foar oanfallers. Ferdedigers fine it wolris wat minder…………….



Letter mear!