Weppers freed 14-11

Seleksjes sneon 15-11
14 november 2008
Utslaggen sneon 15-11
14 november 2008

Traine
Der kin jûn net traind wurde.
André

Giet net troch
De wedstryd fan SDS 3 moarn tsjin ONS 3 giet net troch. ONS hat te min minsken. De wedstryd is fersetten nei folgende wike sneon om 12.15 op it B-fjild.

Net oefenje
Jan Bouke hat syn best dien om in team te finen om te oefenjen, mar helaas, it is net slagge.
Dus de froulju ha moarn frij. 
Groeten Anke

Jiergearkomst
Jûn is om 20.00 yn de kantine wer de jierlikse ledengearkomst
fan SDS. Wy hoopje op in soad minsken. Sjoch
hjir foar de útnoeging en de wurklist. It ferslach fan de foarige ledefergadering en it jierferslach kinne jim opfreegje by info@vv-sds.nl.


Traine
It trainen koe juster mar krekt troch gean. De berjochtjouwing oer in mooglike ôflasting wie wat let en sa koene twa groepen senioren oan de sydkanten fan it trainingsfjild efkes balje.

Beker
Mei bliidskip moat ien fan ús konstateare dat noch mar ien fan de top 3 yn it bekertoernooi sit. Soene dy oare twa ploegen te min yn it krachthonk sitte?

Drek


Moandei wie it indrekboel, doe’t de froulju trainden; mar ûnder de brûs wiene de klean sa war skjin.

Aksje
Tiisdei 18 novimber binne jo allegear wolkom by Aktie Sport yn Snits(Gerard) en Ljouwert(Tineke).
Alle klubleden/frywilligers/foar diegene die dit lêze mei tusken 18.00 en 21.00 winkelje mei in totaal koarting fan 25%.
Let wol, dit is ienmalig!! 
Gr Gerard en Tineke

Lokwinske
It damesteam
lokwinsket harren trainer Tsjipke Klaas Okkema mei syn jierdei hjoed. Hij is 24 jier wurden. 

SDS-ers der op út
Op sneon 12 desimber spilet Middlesbrough tsjin Arsenal.
Dalstra reizen biedt in bus/boat reis oan nei dy wedstryd. Aant en Anne-Marije hawwe harren al ynskreaun en hoopje Alves en van Persie beide skoaren te sjen. Sjoch hjir ferhalen fan oare SDS-ers dy’t der op út west ha.

Jimbar
Ôfrûne snein in grutte teloarstelling doe ’t bliken die dat de Jimbar net iepen wie tidens ADO Den Haag – SC Heerenveen. Wy hoopje mar dat hy snein om 12.30 wol iepen is foar Ajax – PSV. De 2 topklups dy ’t al út de beker lizze.

Super!
By Arsenal stie fan ‘e wike de Poal Fabianski op de goal yn de wedstryd tsjin Wigan. Arsenal wûn dizze wedstryd mei 3-0. Hichtepunt fan dizze wedstryd wie net in goal, mar in geweldige redding fan Fabianski. de aksje fan Daniël de Ridder mei der ek wêze:

Letter hjoed mear!