Weppers freed 13-3

Seleksjes 14-3
12 maart 2015
Ut- en ferslaggen 14-3
12 maart 2015

Seleksjes
Hjir steane de seleksjes foar moarn.

Erwin Zeinstra op sponserjûn (1)
Jûn komt wrâldferneamd assistent-skiedsrjochter Erwin Zeinstra sprekken yn de SDS-kantine foar alle SDS-stipers, Freonen, leden fan it OVWE en SDS-skiedsrjochters. De kofje en gebak stiet klear om 19.30 oere. De jûn begjint om 20.00 oere. 
De keunstgerskommisje sil ek it ien en oar út de doeken dwaan oer de aksjes foar it keunstgers.

Erwin Zeinstra op sponserjûn (2)
Bysûnder is it fansels dat Erwin Zeinstra jûn yn Easterein is. Twa dagen nei de miljoenenwedstriid fan Chelsea tsjin PSG sil hij miskien noch folle adreline sitte of soe hij him nachts gewoan deljaan omdat it gewoan wurk is?

Efkes Balje
It fuotbalwykein begjint normaalsprutsen op freedtejûn at de Efkes Ballers harren keunsten sjen litte wolle. Wij hawwe sels begrepen dat it strewelleguod bij it trainingsfjild fuorthelle is om dat oan elkenien sjen te litten.
Hoe let se begjinne? Yn ferbân mei sponserjûn iets earder komme dan kinne wij krekt foar 19.30 oere los en at de klok 20.15 slacht, dogge wij noch twa….

Mei de bus!
Moarn moatte sawol SDS 1 as 2 út nei Sint Jut om 14.30 te fuotbaljen tsjin DWP. Dêr sille sy mei de bus hinne. Der is noch romte foar supporters, heiten en memmen, pakes en beppes, freonen en wa ek mar.
It kostet foar eltsenien €10,- per persoan.
Eltsenien kin harren opjaan fia
info@vv-sds.nl!
Of moarn gewoan om 12.30 klear stean by de bus.

Kuolkast?
Der hoecht moarn net in kuolkast yn de bus te sitten, want………..(klik
hjir).

Trainingsbroeken fuort?

Wy fan SDS 4 binne ús lytse blaue Masita-tas kwyt mei 6 trainingsbroeken deer yn! Nei ús lêste wedstryd foar de winterstop thûs binne se yn it bôllehok setten by alle oare sjurtsjes en broekjes fan de senioren-elftallen! Hat ien se miskien sjoen? Nim dan kontakt op mei Harm-Auke: dijkstraharm@hotmail.com
Harm-Auke

Sneon aksjedei yn Skearnegoutum

Tompoezen voor een prikkie en dan ook nog SDS helpen aan extra sponsormunten!!!
Kom zaterdag 14 maart langs om deze overheerlijke tompoezen te proeven bij de Poiesz in Scharnegoutum!!


Zaterdag 14 maart staan een aantal jeugdleden van SDS in de Poiesz in Scharnegoutum. Hier gaan ze proberen zoveel mogelijk munten te  verzamelen voor SDS. Want hoe meer munten hoe hoger de waarde-cheque!!  Ook is er zaterdag  een leuke prijsvraag met een geweldige “SDS”- prijs. Dus kom allemaal langs zaterdag 14 maart van 10.00 tot 15.00  in Scharnegoutum!!

SDS MD1 yn de heale finale!
SDS MD1 is frijlotten foar de kwartfinale fan de beker en dat betsjut dat sy automatysk trochbinne nei de helae finale! Fan herte lokwinske!

Topskoarders súdwesthoeke
Yn 2018 steane de topskoarders fan SDS ek yn
dizze list. In kreas oersicht fan de doelpuntenmakkers fan earste alvetallen yn de gemeente Sudwest- Fryslân.

Alderaardichst
Ien fan de wepmasters freget dit sjurt op pakedei:
Afbeelding weergeven op Twitter

Harsens derby (1454)
Dy komt moandei!