Weppers freed 13-10-2017

Jehannes Nauta is ferstoarn…….
12 oktober 2017
Sneon 14-10-2017
13 oktober 2017

Vr 2

SDS VR2 is op freedtejûn wer aktyf. Sij geane nei Aldeboarn (tuorkemjitters) en spylje tsjin Oldeboorn, NOK, sc Bolsward en Harlingen.

Efkes Balje

Ek de Efkes Ballers geane it wykein altyd sportyf yn foardat it buorreltiid is. Om 19.30 balje en om 21.30 wierskynlik de earste buorrel.

Seleksjes

Yn jierren binne de seleksjes by SDS net sa rom west as dit seizoen. Dêrneist blykt elkenien ek noch superfit te wêzen. Sa hat de A-seleksje 20 man en is dat meastentiids krekt genôch om sneons mei in seleksje fan 14 op paad te gean. Moarn binne der mar leafst 19 spilers beskikber en is allinnich Pieter Sijtsma blesseard. Dat betsjut dat der mar leafst 5 man mei SDS 2 mei gean.

SDS 1 – QVC 1

2-1 dat is in oantal jierren de einstân west yn Starum bij de wedstriid SDS 1 – QVC 1. Alteast neffens it oersicht fan Voetbalnoord. It wurdt tiid foar in 1-2…

QVC 1 – SDS 1

Sneon om 14.30 de wedstriid fan SDS 1 tsjin QVC 1. Wij hoege net te sizzen dat alle punten fan grut belang binne yn dizze klasse. It is no al spannend. Dit is de seleksje:
Arjen Los, Bauke Dijkstra, Elger Turksma, Erik Haitsma, Ewout de Boer, Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jaap Toering, Jacob-Klaas haitsma, Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma en Wiebe Heeres.

Meiride nei Starum?

Luka van der Weg en Gerbrand Kramer fan de JO17 en JO15 wolle ek graach nei Starum om QVC 1 – SDS 1 te sjen. Sy soenen graach meiride wolle. Mei wa soe dat kinne? Graach in berjochtje nei hermanenria2@home.nl.

SDS 2 – Wykels Hallum 2

Ek SDS 2 treedt dizze middei wat letter oan as gewoan. Om 15.00 oere traapje se ôf tsjin de Wyklers út Hallum. Dizze seleksje wurdt om 14.00 oere yn de boks ferwachte:
Frank Bervoets, Gertjan Bootsma, Jelmer Posthumus, Jurjen Los, Remco Hylkema, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan, Gerrit Flisijn, Hendrik Engbrenghof, Jort Strikwerda, Sjoerd de Vries, Tjeerd de Vries en Wiebe Vellenga.

SDS 3 – ONS 4

Ek SDS 3 moat om 15.00 oere thús. Koprinner ONS 4 is de tsjinstanner. Dizze seleksje wurdt om 14.15 oere yn de boks ferwachte:
Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Piter van der Pol, Marten Faber, Anco Elgersma, Auke Hiemstra, Gerlof-Jan Hofstra, Harm Stremler, Harm-Auke Dijkstra, Ids Boersma, Jan-Simon Jelsma, Jeroen Wagenaar, Klaas van der Weg, Peter Sijbesma, Pieter Kamstra, Pieter-Lieuwe van der Valk en Ronny Wagenaar.

Oudega 2 – SDS 4

De mannen fan SDS 4 meie eindelijk it lân wer ris yn. Dizze seleksje mei it moarn dwaan yn Âldegea;
Allert Turksma, Andries Lanting, Eeltje Postma, Gert-Jan Hessels, Ids de Boer, Igor Kalinowski, Jelle de Vries, Jelmer Brouwer, Johan Postma, Johannes Abma, Jorrit Veldman, Klaas-Bouke Faber, Pieter de Vries, Sytse Hibma, Thomas van der Meer en Tseard Verbeek.

SDS VR 1 – Mildam Vr.1 giet net troch

SDS VR1 soenen moarn tsjin de froulju fan Mildam VR1 fuotbalje, mar dit giet net troch………. Mildam hat te min spylsters. De wedstryd wurdt no mooglik kommende woansdei ynhelle.

Ferslach OudegaVr1- SDS VR1

Ferline wike sneon spile en jimme kinne it Aldegeaster ferslach hjir lêze

Skiedsrjochters

Woensdagavond hebben 4 club scheidsrechters van SDS. Epke , Auke , Jelle en Dennis een avond die in het teken stond van de week van de scheidsrechter bijgewoond.
Deze avond werd georganiseerd door de COVS en de KNVB. Deze avond werd door Dennis Higler verder verzorgt met spelregel wijzigingen , discussies wel of niet rood/geel of penalty en een quiz.

Als dank kregen we een nieuw etui met stafkaarten en een notitieblokje!
Kortom de voetbalteams zijn gewaarschuwd😅.
Groet Dennis

Crowdfunding

It team fan DWP 2 treft it dit jier net mei de kompetysjeyndieling. Sij moatte nei eigen berekenning dit seizoen 1600 kilometer ride om tsjinstanners yn Drinte, Grins en Flevolân te besykjen.  Sij binne no in crowdfunding aksje begong ûnder de titel: help DWP 2 it seizoen door.

Foto op de digitale spilerspas

Om ’t de spilerspassen tsjintwurdich digitaal binne hoefe je gjin pasfoto mear yn te leverjen by je klup. It is allinnich wol wichtich as je foto bekend is by de KNVB. Sa kin de skiedsrjochters sneons fia de app op dyn digitale spilerspas sjen as hy wol de goeie spilers foar him hat. Je moatte dit dwaan fia Voetbal.nl. Lês der hjir alles oer!

Harsens derby (1934)

Wikselspilers kinne ek hiel wichtich wêze sûnder te fuotbaljen. Sa hold John van ’t Schip yn de lêste minút fan Nederlân – West-Dútslân ea de bal ûnder syn sjurt om tiid te rekken.
Dizze wikselspiler fan Panama wit noch in oare manier……….