Jehannes Nauta is ferstoarn…….

Weppers tongersdei 12-10
12 oktober 2017
Weppers freed 13-10-2017
13 oktober 2017

Jehannes Nauta is ferstoarn……

Nei in koart sykbêd is juster Jehannes Nauta ferstoarn.
Jehannes hat yn syn jeugdjierren in blaue moandei by SDS fuotballe, gie ea mei SDS 4 nei Skylge as ‘lieder’, wie ‘Freon fan SDS’, kaam wolris yn de kantine en holp de lêste tiid de skjinmaakploech op moandei, mar wie boppen alles Eastereinder.
Tegeare mei de ‘materiaalmannen’ bead Johannes dit jier SDS noch in nije SDS-flagge oan.
Wy winskje Jehannes syn neisten in soad sterkte ta mei dit ferlies.
Wy sille him misse!

De begraffenis sil kommende moandei plakfine fanút it tsjerke fan Easterein.