Weppers freed 12-4-2024

Weppers woansdei 10-4-2024
10 april 2024
Sneon 13-4-2024
12 april 2024

SDS 1- DWP 1

Der is noch altiten in kâns dat SDS 1 net streekrjocht degradearret nei de 4de klasse.
Fan grut belang is dat se dan wol sels winne.
Moarn tsjin DeWitePeal is der wer in nije kâns. Om 15.00 oere begjint it.
De seleksje:
Jaap, Mark, Luuk, Remco, Erik, Gerbrand, Robin, Peter, Matthijs, Stan, Wierd, Lourens, Gerwin, Jelte-Pieter, Niels en Kevin.

Sponser fan de wike

 

 

 

Romke de Jong is mei syn bedriuw ‘agrarysk hannel en leanwurk’  de sponser fan de wike.
Romke hat sels ek noch in skoftke fuotballe bij SDS mar syn bern binne no aktyf.
Soene dy de pupillen fan de wike wêze?

Topskoarder fan 3A

Kommende sneon komt DWP 1 op besite.
Spesjale oandacht foar de topskoarder fan de tredde klasse A.
Sjoch hjir de hiele list

Ut de âlde doaze

Yn 1973 spilen SDS en DWP noch yn Snits in beslissingswedstriid om it kampioenskip yn de 1e Klasse FVB. Doe wûn SDS ,mei 3-0.

SDS 2 – Heerenveense Boys 2

Om 12.00 oere op ús eigen sportpark spilet SDS 2 de thúswedstriid tsjin koprinner Heerenveense Boys 2.
De gasten hawwe 43 punten en SDS 2 hat er 9.
De seleksje:
1 Ewout
2 Tom
3 Bauke
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Anne
8 Wessel W
9 Jelmer
10 Jurjen
11 Wessel S
12 Redmer
13 Anco
14 Lieuwe
15 Sietze
16 Jelte

Hielpen 2 – SDS 3

Altyd in feest om te spyljen yn Hielpen. SDS 3 kin der sneon fan genietsje.
At se dan ek noch trije punten meinimme dan soe dat hielendal moai wêze.
Om 14.30 oere balje, dus om 13.20 oer fertrekke.
De seleksje: Jorrit E, Michael, Arjan, Aiso, Harm, Wiltsje, Kees, Jasper, Jildert, Jochum, Gjelt, Niels J, Jens en Allert (2de helft).

SDS 4 – Oudehaske 4 g.n.t.

Bij SDS 4 soe harren op ‘e nij opmeitsje foar in dreech potsje. Oudehaske 4 hat 12 punten mear en 2 wedstriden minder spile.
Dit soe de seleksje wurde: Gert-Jan, Jelte, Dennis, Jan-Simon, Jildert, Klaas, Mark, Robert, Feite, Willem, Ronny, Sije, Tjeerd en Kerst.
Daan Soe flagje nei him goed ta rieden te hawwen op de Kanaryske Eilannen.
Oudehaske kin allinnich net 11 spilers op it fjild krije en dat betsjut dat de wedstriid net troch giet…….

ONS Sneek JO16-1 – SDS/Nijland JO17-1

Foar ús twa klupkes leit er sneon in moaie kâns om de koprimmer “pootsje”te lichten.
Nei 7 wedstriden hawwe de oranjehimden noch gjin puntferlies.
Om 10.30 yn Snits

Harsens derby (2241)