Weppers freed 12-3

Weppers tongersdei 11-3
11 maart 2010
Seleksjes 13-3
11 maart 2010

Libjende musyk nei Nijland 1 – SDS 1
Moarn spilet SDS 1 de derby út tsjin Nijlân 1. SDS 1 kin dêr wol wat steun fan supporters brûke. It fuotbaljen is fansels de muoite wurdich, mar dêrnêst is der nei dfe wedstryd ek noch in stikje libjende musyk. Âld-trainer fan Nijlân
Rein Vallinga út Boalsert sil dêr optrede yn de Mande as sjonger.

Foarbeskouwing Nijland 1 – SDS 1
Op de webside fan vv Nijland kinne jim in útgebreide foarbeskouwing sjen op de derby fan moarn tusken Nijland 1 en SDS 1 (klik hjir).

Ajax – PSV
Fansels is snein om 16.30 de topper tusken Ajax en PSV te sjen yn de Jimbar. Ien fan de wepmasters hat no al flinders yn de búk.

Parsekonferinsje SC Heerenveen
Om 13.30 is der by SC Heerenveen in parsekonferinsje. Net ien wit werom. Neffens ús is 1 en 1 noch altiten 2 en makket Yme Kuiper bekent dat hy in stapke werom docht. En no om 14.00 docht bliken dat Yme Kuiper ynderdaad in stapke werom docht, mar net stoppet. Riemer van der Velde stapt wol út de direksje(klik hjir), mar stoppet fêst net mei syn bemuoienissen oer SC Heerenveen en kin wer “frij” prate by Derksen of Van Gelder oan tafel. 

Noch in derby!
De jonkjes fan SDS F5 meie moarn foar it earst los yn de kompetysje. Der stiet lyk in kraker op it programma. Sy begjinne mei in échte derby tsjin Easterlittens F5. De wedstryd begjint moarn om 10.10.

Let op
Spilers fan SDS 4 en SDS 5 graach oplette. De begjintiid fan jim wedstriden binne feroare. SDS 5 begjin om 14.30 en SDS 4 om 16.30.

Pupil fan de wike
Klaas Okkema fynt it sa leuk foar de mannen fan SDS 5 dat sij om 14.30 oere fuotbalje moatte en hij mei syn SDS 2 om 12.15 oere, dat hij oanbean hat om “pupil fan de wedstriid ” te wêzen.

Sunderland- Manchester City
Skouts fan SDS geane dit wykein oer de grins. Remco, Wichard, Jappie en Tjerk sille yn Ingelân de wedstriid Sunderland- Manchester City bijwenje. Dy wedstriid wurdt spile op snein.

Seleksjes
Letter hjoed de seleksjes en it programma foar kommende sneon.

Maatskippelike staazje

F3 traint ûnder lieding fan Sieta Tessemaker. Fanôf no helpt Ruurd Visser dêrbij. Hij docht syn maatskippelike staazje bij SDS.

Drok
It is sneon drok op de Skoalleseize. Sels sa drok dat der twa wedstriden op it trainingsfjild efter de sporthal spile wurde moatte. F2 en D3 sille dêr dizze kear nei ta moatte.

Earste ljipaai
Wannear soe dit jier it earste ljipaai fûn wurde? Degenen dy ’t juster traind hawwe soenen sizze; “juster. By Jelte Pieter op it ankel”. Dit rekkent de BFVW(BondFrieseVogelWachten) allinnich heechstwierskynlik net goed. Mochten jim in oar idee hawwe dan kinne jim meidwaan oan in priisfraach. De winner krijt in prachtige fiersjogger út de hannen fan Marco Hoekstra (klik hjir).
 
Net sa ’n aai, mar sa ’n aai.

Frysk foar Jans (diel 3)
Prestaties van het elftal     
Verliezen   :   Ferlieze   
Degraderen   :   Degradearje   
Grapjasserij   :   Grapjeierij   
Middelvinger   :   Midsfingersein   
Heeft sc Heerenveen nou alweer verloren?   :   Had sc Hearrenfean alwer ferlern?   
Nee, 4 punten uit 20 wedstrijden is niet veel, maar het komt allemaal goed.   :   Nee hear, fjouwer pûnten út tweintich wetstriden is net safolle, maar it komt allegearre wol goed.   
Onze keeper is wel een prutser zeg.   :   Us kyper is wol in griemer.   
Dat kan gebeuren, met 7-1 verliezen.   :   Dat kin barre, mei sân-ien ferlieze.   
Natuurlijk staan wij nog achter de trainer…   :   Fansels, steane wy efter de trainer…   
Ik heb mijn middelvinger helemaal niet opgestoken!   :   Ik ha myn midsfingersein hielendal net omhegens stutsen!   
Zal ik nog een grapje maken op de persconferentie, of is de stemming daar niet naar?   :   Sil ik dochs in grapke meitsje op é parsekonferinsje, of soe it sin dêr net nei wêze?

Harsens derby (162)
By Stoke City yn Ingelân fuotballet Rory Delap. Delap stiet mei nammen bekend om syn enorm fiere yngoaien. It ôfrûne wykein moast Stoke City tsjin Burnley. Burnley tocht slim te wêzen en sette de reklamebuorden wat tichter by it fjild. Dit makke Delap gjin fluit út. Hy naam syn oanrin gewoan lâns de reklamebuorden en joech sa wer in prachtige assist: