Weppers freed 11-11

Te keap!
9 november 2011
Seleksjes sneon 12-11
11 november 2011

Programma
It programma foar moarn sjocht der
sa út.

Minnertsga 1 – SDS 1
Wat de klups foar sneon allegear meielkoar belibbe ha, kinne jim
hjir lêze yn it oersicht fan VoetbalNoord.

SDS 5 de toppers
SDS 5 hat sneon in topwedstriid. Beetgum 2 en SDS 5 steane beide boppeoan en komme elkoar tsjin om 14.00 oere yn in omgekearde út of thúswedstriid yn Bitgum. Wij krije troch dat wij noch efkes melde moatte dat de seleksje frege wurdt “betiid op bêd te geane en gelyk sliepen te gean”.
Wij nimme oan dat dy lêste opmerking bedoeld is foar de âldsjes yn de seleksje.

Lieuwe Jan
Foar Lieuwe Jan van der Brug is it sneon allegear wol hiel betizend. Hij fuotbalt bij SDS en hij wennet yn Bitgum. Hat er no in thúswedstriid of net. Seker mei de wittesnkip dat dizze wedstriid op papier as SDS-Beetgum stiet en no as Beetgum-SDS spile wurdt.

Oare herinnerigen
Wij binne bliid dat it geheugen fan ien de C1 spilers fan 1979-1980 noch sa goed is, want Jan Keuning (no fan Drylts) lit ús witte:
Neffens my klopt it ferhaal fan Tjerk van der Pol net. 
Yn 79-80 hat SDS C1 net tsjin Heeg spile. 
SDS C1 waard dat jier kampioen mei Ype timersma Douwe Schaafsma Klaas van der WEg Durk Harmen de boer Bert Westerhof Haije Bergstra  Jan keuning en de rest  wit ik sa net u t de holle.
Trener Sjoerd Postma, Lieder Geart (de Boer?) 
Dit wie itselfde jier dat SDS 1 kampioen waard fan 4A en Eric Heiden 5x goud wûn.

Ek wij hawwe efkes yn wat âlde Treffers socht en sjogge yndie it kampioenskip fan C1. Tjerk lit ús witte dat hij mooglik yn de war is mei in jier letter yn de B’s of sa.

Geen voetbal maar teambuilding!
De spelers van de C selectie worden morgen om 14.00 verwacht op het sportpark.
We gaan namelijk om 14.30 bowlen!
Geert “Schroevenkopen.nl” Dijkstra

Tip!
Foar de SDS’ers dy ’t nije wike sneontejûn der efkes op út wolle hawwe wy noch in aardige tip. Ien fan ús favorite artysten spilet dan yn de Tsjerne (klik hjir).

Harsens derby (608)
Sa hear je no te bowlen:

Hjoed letter mear!