Weppers freed 11-10-2019

Weppers woansdei 9-10-2019
9 oktober 2019
Sneon 12-10-2019
11 oktober 2019

SDS 1 nei Aldehaske

SDS 1 moat sneon om 14.30 oere fuotbalje tsjin Oudehaske 1.   Sij hawwe trije punten en SDS hat fjouwer. Mei in  getalsmjittige benadering is it belang om trije punten te heljen dêrmei sein. In bultsje SDS ‘ers leit al yn de lappenmand, mar mei dizze mannen moat it ek seker slagje.
De seleksje: Erik, Frank, Jaap, Jacob Klaas, Lourens, Luuk, Marco, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven. Wiebe en Wierd.

SDS 2 tsjin De Wite Peal

Us twadde moat tsjin DWP 2. De ploech út Sint Jânsgea hat 3 punten en SDS 2 hat er 6. Mei in doelsaldo fan DWP  fan 8 foar en 15 tsjin yn trije wedstriden soene ferwachtsje meie dat er flink skoard wurdt kommende sneontemiddei om 14.30 oere.
De seleksje: Bauke, Robin, Arjen, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Sjoerd, Tjeerd, Wesley en Wietze.

SDS 3 nei Makkum

Makkum 3 – SDS stiet om 14.30 oere op it programma. Kin SDS 3 ek syn 4de wedstriid winne tsjin in Makkum dat 3 punten hat.
De seleksje: Inne, Jildert, Anne, Cor, Haije-Jan, Hendrik, Jelmer, Mark, Marten, Pieter, Piter, Stefan, Watze-Jacob en Sjoerd R.
Anne, Cor, Jelmer en Stefan meie de auto meinimme. Sy fertrekke om 13.00 oere.

SDS 4 nei Skearnegoutum

De koprinner Scharnegoutum 4 mei tsjin SDS 4 dat noch wachtet op de earste punt. Soe 15.00 oere de goeie tiid wêze om dat earste puntsje (of trije) te pakken?
De seleksje:
[8-10 12:23] Arjan Hallama: Aanwezig
[8-10 12:23] Tseard: Aan
[8-10 12:33] Allert Turksma: Aanw
[8-10 13:01] Jelmer Brouwer: Aan
[8-10 13:08] Johannes Abma: Aan
[9-10 16:00] Eeltje Postma: Miss aan
[9-10 16:44] Jelmer Brouwer: Aan 🚘
[9-10 19:40] Sytse hibma: Wacht even af hoe trainen morgen gaat ivm knie
[9-10 19:44] Ralph: Zaterdag aan
[10-10 08:07] Gert jan Hessels: Aan ovb dus!
[10-10 10:03] +31 6 57368088: Aanwezig kan ook wel rijden
Igor
Andries
Doede Rients Okkema (foar 80%)

SDS 5 tsjin de Wâlde

Om 14.30 op it griene gers treedt SDS 5 oan tsjin de Wâlde 2, dat twa puntsjes hat. SDS 5 hat mei 9 punten út trije wedstriden in goed begjin fan de kompetysje.
De seleksje: Harm, Auke, Dirk Yde, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Harm, Jan-Simon, Jentsje, Klaas, Pieter Lieuwe, Robert, Tjeerd, Tjipke en Wichard.

SDS VR1 tsjin Mulier VR1

Om 12.30 sil SDS VR1 besykje de trije punten te heljen tsjin it puntleaze Mulier VR1. It doelsaldo fan de froulju út Wytmarsum is ek net geweldich. 0 foar, 24 tsjin.
De seleksje: Alissa, Elske, Esther, Femke, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Seriette, Sieta en Sietske.

Harsens derby (2166)

Om de keepers fan SDS op in noch heger nivo te krijen hawwe wy it ‘keatskanon’ fan de KF te lien. It is no al in súkses! 😉

 

Letter miskien wol mear!