Weppers moandei 6-8-2018
6 augustus 2018Weppers moandei 12-8-2018
13 augustus 2018SDS 1 traint
SDS 1 sil moarn wer los. Trainer Douwe Posthumua sil de mannen traine fan 14.00 oere oant 15.30 oere.
SDS 2 traint
SDS 2 begjint moarn ek wer oan it nije seizoen mei de earste training. Trainer Okke van der Kamp sil om 12.30 oere los.
Start trainingen
Noch net foar alle teams begjint moarn it trainen wer. De trainer fan je team jout oan wannear as de earste training is. Hjir kinne je it trainingsskema fine.
Kantine
De kantine is moarn noch net iepen.
Net op it gêrs!
De Gemeente Súdwest-Fryslân hat besletten dat der oant 1 septimber yn de gemeente gjin oefenwedstriden op gêrs spile wurde meie. Ek wurdt der ôfrieden om op gêrs te trainen oant 27 augustus.
Nije wike kin der sawisa net op it gêrs traind wurde yn Easterein. De gêrsfjilden wurde dan besproeid tsjin it ûnkrûd.
Oefenwedstriid tsjin VVI
Om ’t der yn de Gemeente SWF net op gêrs oefene wurde mei wurdt op sneon 25 augustus de oefenwedstriid tsjin VVI net spile yn Idskenhúzen, mar yn Easterein. De wedstriid begjint om 14.30 oere.
Wedstriidprogramma’s
De bekeryndielingen, de bekerprogramma’s en de kompetysje-yndielingen binne bekend, mar noch altiten net de kompetysje-programma’s. As it goed is dan makket de KNVB se nije wike freed bekend.
It WK
It Wommelser Kampioenskip stie dit jier wat op in leech pitsje y.f.m. de waarmte. Justerjûn waard op in fraai meande en bereinde Terp noch wol efkes de finale spile. Team read mei Matthijs, Gerwin, Habtamu en Willem gie der úteinlik mei de titel fan troch mei troch 12-8 en de winnende goal te winnen fan team blau-swart- grien-wyt mei Gerlof-Jan, Wytse, Bote en Ate.
Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhuh!!
Pieter de Boer en Marco Rijpkema binne hjoed beide jierdei! Fan herte lokwinske!
De Eredivisie begjint
Jûn stiet de earste wedstriid yn de Eredivisie op it programma. sc Heerenveen mei om 20.00 oere út tsjin PEC Zwolle. Der binne noch gjin punten te fertsjinjen foar de SDS-League, want dy giet pas healwei septimber los.
Harsens derby (2039)
As keeper binne je oannommen om ballen tsjin te hâlden………..
É de se fazer careta mesmo após essa bobagem feita pelo goleiro do @orlandopirates no começo da liga da África do Sul pic.twitter.com/fuWeOPIRgz
— Non Sense Football (@NSenseFootball) 6 augustus 2018