Weppers freed 10-2-2023

Weppers tiisdei 7-2-2023
8 februari 2023
Sneon 11-2-2023
10 februari 2023

SDS 1 seal wint

Woansdeitejûn hat SDS 1 seal mei 6-1 wûn fan de ûnderste op de ranglist Haskerland 3. SDS 1 seal stiet no op in 4de plakje.

SDS 1- Nijland 1   (14.30 oere)

It ferskil op de ranglist is noch mar 1 punt yn it foardiel fan SDS 1, wylst Nijland 1 noch ynhelje moat tsjin sc Bolsward. Ut waard it in gelykspul, wij ferwachtsje no in winner. Hopenlik is de seleksje fan SDS 1 wer wat kompleter
De seleksje: Jaap Toering, Douwe-Jan Vellinga, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Gerbrand Kramer, Habtamu de Hoop, Jelte-Pieter Dijkstra, Kevin den Haan, Luuk van der Schaar, Matthijs Postma, Remco Hijlkema, Stan Korbach, Tjitse Postma, Jelmer Posthumus en Bauke Dijkstra.

Omroppe

Enne Bruinsma is fêste omropper by SDS, mar is moarn ferhindere. Om it net te yngewikkeld te meitsjen sil no moarn net Enne omroppe, mar Inne. Heerma wolteferstean.

SDS 2 – sc Franeker 2   (12.00 oere)

SDS 2 hat nei 2 wedstriden 3 punten en sc Franeker 2 hat noch gjin punten.  Bliuwt it ferskil 3, wurdt it 6 of komme se op gelikense hichte. Wij ferwachtsje dat it ferskil 6 wurdt.
De seleksje: Mark, Bote, Jesse, Anne, Arjen, Tim, Tom, Jort, Jurjen, Robin, Sietse, Wessel W, Wessel S en Jelmer.

Makkum 4 – SDS 4   (12.30 oere)

Mei 14 punten út 9 wedstriden docht SDS 4 it hielendal net sa min.
Makkum hat er 5 punten en at wij oan skoareboerdsjoernalistyk dwaan soene (en wêrom ek net) , dan wint SDS 4.
De seleksje: Jeffrey, Bouke, Doede-Rients, Gerben, Halbe, Jorrit E, Leon, Michael, Remon, Wiltsje, Jildert, Niels J, Sije en Kees en Arjan(2e helte).

SDS 5- sc Franeker 5  (14.30 oere)

De gasten stean boppe-oan. De gasthearen steane dêr 2 puntsjes efter, mar hawwe 2 wedstriden minder spile. It is dus gewoan in ûnferfalske topper.
De seleksje: Gert-Jan, Feite, Henk. Ids, Jan-Simon, Jentsje, Robert, Ronny, Syb, Tjeerd, Mark, Willem, Sjoerd en Niels.

Daan flagget

DJ Heavy P.

Ik klinkt goed sa’n stoere namme, dan sil it ek wol stoer wêze. Sneon om 16.30 yn de kantine nei SDS 1 – Nijland 1

Efkes Balje

De lêste kear dat er Efkes Balle is op freedtejûn, leit earne yn septimber. Der siet altyd wol wat yn it paad om 8 man yn it fjild te krijen.
Hawwe sich foar 5 oere 8 man melden? Dan giet it troch. Oars slacht it wer in wike oer

Kollum Hugo Borst

Dat gejank en geseur tsjin skiedsrjochters, dat oanstellen bij fermiende blessures it makket it fuotbal der net leuker op foar taskôgers. It is net allinne yn it betelle fuotbal sa. It wurdt yn in rap tempo oernommen yn it amateurfuotbal  (ja, ek bij SDS)
Hugo Borst, ien fan de beste fuotbalstikjeskriuwers fan Nederlân wat ús oangiet, seit er dit fan:

Harsens derby (2137)

Toet, toet!