Weppers tiisdei 7-2-2023

De nije SDS-League! Ynleverje foar sneon 11 febrewaris 18.30 oere.
6 februari 2023
Weppers freed 10-2-2023
10 februari 2023

Oefenje

SDS 1 en 2 binne daliks 2 wykeinen frij. De trainer fan SDS 2, Samir Tawafra, hat dit oanpakt om in oefenwedstriid te plannen.
SDS 2 sil op tiisdei 14 febrewaris oefenje tsjin WWS 1 om 20.15 oere.
Wy sykje foar dy jûn noch ien dy ’t efkes yn de kantine efter de bar wol.
Liket it je wat mail dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Hân omheech

Je sjogge it oeral.: bij de amateurs en de profs.
De spiler dy’t in korner of in frije traap nimt en de hân omheech stekt, of soe it ien of oare sinjaal wêze.
En dan komt dy bal…   sjoch hjir

De nije SDS-League

Hasto dyn team foar de SDS-League al klear? Do kinst him ynleverje oant sneon 18.30 oere.
De wedstriid yn de Eredivisie fan kommende freedtejûn telt net mei.

DJ Heavy P.

Sneon giet it dak der wer ôf yn de kantine mei DJ Heavy P.

SDS 5 – SDS 4

Sneon 18 febrewaris is der foar de measte teams in ynhelprogramma útsein foar SDS 4 en 5. Sy spylje dan ien fan de wichtigste wedstriden fan it seizoen; SDS 5 – SDS 4. It begjint om 14.30 oere.

Harsens derby (2136)

Hoppaté!

pic.twitter.com/ZgGQChYQMq

— Out Of Context Football (@nocontextfooty) February 3, 2023