Weppers freed 1 april 2022

Weppers tongersdei 31-3-2022
31 maart 2022
Sneon 2 april 2022
1 april 2022

Workum 1 – SDS 1

Om 15.00 oere treedt SDS 1 oan tsjin de koprinner Workum 1.  Wij rekkenje op in spannend potsje mei in goeie ôfrin. It is dêr yn Warkum in middeifullend programma, want COVOS is dêr ek aktyf

De seleksje (fan SDS): Jaap, Luuk, Douwe-Jan, Erik, Gerwin, Jelte-Pieter, Wiebe, Matthijs, Remco, Peter, Gerbrand, Pieter, Lourens en Stan.

SDS 2 – Knickerbockers 6

Beide ploegen hawwe 20 punten. It sil der om gean. Om 14.30 oere yn Easterein. De mooglike seleksje:
Mark, Steven, Wesley, Arjen, Bauke, Ewout, Jort, Jurjen, Kevin, Lieuwe, Robin, Sjoerd de V, Tom en Wessel.

SDS 3 – scJoure 5 g.n.t.

SDS 3 stiet moai yn de subtop en at se dêr steane bliuwe wolle, moasten se winne fan de Jousters. Dy hawwe nammentlik 3 punten minder en sitte op de loer om ek oan de slúten. Om 14.30 oere soe it begjinne, mar de Jousters kinne net 11 man op papier krije. Oare kear better.

SDS 4 – ONS Sneek 5

SDS 4 hat  14 punten en ONS 5 hat der 10. In moai momint sneon om 12.25 om it ferskil op 7 punten te bringen.
De seleksje: Jeffrey, Eeltje, Halbe, Wiltsje, Leon, Gerben, Remon, Arjan, Johannes, Michael, Jorrit, Jildert, Wessel en miskien Bouke.
Thomas is der foar de omballingen.

SDS 5  hat frij

Hallo spilers fan SDS 5, binne jim hast útrêsten? Jim stean noch twadde en nije wike meie jim wer.

Balk Vr1 – SDS Vr1

De nûmer 2 tsjin de nûmer 10, It soe wat wêze at dat in puntsje oplevert.

Harsens derby (2364)

‘Tikkie werom, Jaap!’