Weppers freed 1-8

Weppers tongersdei 31-7
30 juli 2008
Wedstriidprogramma SDS 2
1 augustus 2008

Bewarnûmer Treffer
It sjit al aardich op mei it bewarnûmer fan de Treffer. Wy hoopje dat hy mids augustus by jim op de matte leit. Der sille allinnich dan noch wol wat saken regele wurde moatte.


OS poultje


Simpel en snel, met ospoultje punt nl


Oer in dei as 6 begjinne de Olympyske Spelen. Dit jier liket it fuotbal wat mear yn de belangstelling te stean yn fergeliking mei 4 jier lyn. Mar om der no in poule foar te organisearen is noch krekt in brêge te fier. Ek al omdat it fuotbal bij SDS ek wer begjint.
Foar de echte leafhawwer fan poultsjes hawwe wij efkes socht en komme wij mei in alternatyf. At jim
hjir sjogge, jim registreare jim en jim jouwe oan dat jim bij subpool SDS meidogge dan kinne wij der dochs noch wat fan meitsje. En it soe wolris in drege klus wurde kinne om dizze útslaggen en winners goed te foarspellen.

SDS’ers yn aksje op de PC
Woansdei wienen der 5 SDS’ers yn aksje op de PC. Henk Bootsma hat sy allegear fêstlein mei syn kamera en noch folle mear(klik hjir).

Jelte Pieter Dijkstra krige de oanfiterpriis(foto Henk Bootsma). 

Skoalleseize
It keatsseizoen is noch drok oan de gong en it duorret noch efkes foar it fuotbalseizoen begjint. Foar de Skoalleseize is it wurk nea klear. Moarn kinne jim hjir sjen wat sy fan ’t simmer allegear wer klear krigen hawwe.

WK
It wie hyt yn de arena fan Wommels. De 12 man waarden ferdield net op basis fan kleur sjurt mar op basis fan wol/ net heit wêze. It team fan jonge en iets âldere heiten bestie út: Harm, Willem, Anne, Jan, Aant, Ate Feike en it team fan takomstige heiten bestie út Henk, Hendrik, Gerlof, Kees, Gearard en Jelmer.
Der kamen fansels ek wer twa te let, mar dy hiene in goed eksuus: sij hiene juster twa omlopen keatst.
Omdat Jacob de meast talintfolle takomstige heit is mocht hij yn dat team opereare.
It waard in spannende striid mei kânsen oer en wer. It wie al 9 oere west doe’t it winnende doelpunt foel. En de heiten fregen harren nei ôfriin ôf: WaarwasjijnuJan?

Fytsen
3 man misten juster op it WK yn Wommels. Alle 3 hie dit te krijen mei de PC en fytsen. Mark wie der juster net, want hy moast op syk nei in nije fyts, Sjoerd Rispens moast bân plakke en Eeltsje wie der net om ’t hy wurdich wie fan it fytsen út Frentsjer…..

Slippers
Ate Feike de Boer mist sûnt it foarige WK syn slippers. Hy is der aardich ûnwennich fan, want hy moat no eltse dei op klompen nei it swimbad. Wa ’t se hat kin ús maile.

Keatse op it fuotbalfjild
Ien fan de tsjinstanners fan SDS 1 yn de beker is Broekster Boys. Net allinne yn Easterein hawwe se lêst fan it keatsen mar ek yn Damwâlde. Sjoch
hjir.

Voetbalhumor(4)
Sorry dames, mar ek dit is voetbalhumor; hjir “Van der Fart”……..



Letter mear!