Weppers freed 1-5

Seleksjes sneon 2-5
30 april 2015
Ut en ferslaggen 2-5
30 april 2015

Fluitsje?
Foar in jeugdwedstriid yn Wommels moarn wurdt noch in fluiter socht. Om 10,11, of 12 oere. Je kinne útsyke. Efkes kontakte mei
Tjerk van der Pol is it beste.

De SDS-keunstgerslotten ynleverje
t
Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Sneon is Douwe-Dirk ek wer op de Skoalleseize fan 10.00 – 11.00 oere om jild te innen en middeis fanôf 15.30 oere is Willem der wol!

Net dit wykein, dan FOAR 17 maaie!!
Alle fuotbaljende SDS-leden hawwe lotten krigen en waarden dêrby frege om foar 30 april it jild yn te leverjen. Dit jild fansels allinnich as je alle lotten ferkocht hawwe. Hawwe je noch net alle lotten ferkocht dan joue wy jim noch twa wiken om de lotten te ferkeapjen. Dan meie jim it jild dus ynleverje foar snein 17 maaie.
De ferlotting is op de grutte SDS-jûn op sneon 30 maaie.

Programma
It programma foar sneon mei skiedsrjochters kinne jim
hjir sjen.

SDS A1 ûnderút
SDS A1 gie justerjûn spitich ûnderút tsjin Akkrum A1 mei 5-2. Je kinne it ferslach fan in teloarstelde trainer lêze by it programma en ferslaggen fan sneon. Dat betsjut dat de konkurrinsje sneon net tefolle punten pakke moatte om degradaasje foar te kommen.

Efkes Balje
Hjoed wurdt wer in begjin makke mei it Efkes Baljen yn Wommels. It begjint fansels wer om 19.30 en Henk en Bram jim binne fansels ek wer wolkom.

SDS MD 1
It programma fan sneon hat ien bijsûndere wedstriid. SDS MD1 sit noch yn de beker en sij reizgje de provinsje hast út. Sij moatte yn Easterwâlde fuortbolje tsjin Oostenburg MD1.
Wij hope fansels dat se ús sneontemoarn fia twitter op de hichte hâlde.

SDS 1- QVC 1
Mei it each op de wedstriid fan sneon seagen wij efkes yn de argiven fan VoetbalNoord en seagen dit tefoarskyn komme.

Wommels

It B fjild yn Easterein oer de kop en dus wurdt der sneon yn Wommels kompetysje fuotballe. Dat is al lang lyn.
Fan 9 oant 1 fjouwer wedstriden fan E1, F3G, E3 en E4.
De kantine fan de tennisklup is iepen sadat der ek noch in in bakje kofje te krijen is.

Kampioen yn Wommels
SDS E3 spilet moarn om 11.00 oere yn Wommels tsjin Scharnegoutum E4. By winst is SDS E3 kampioen!
Wa soe it lêste SDS-team west hawwe dy ’t yn Wommels kampioen wurden is? It is sawiesa in skoft lyn!

Noch in foarwedstryd!
Net allinnich de froulju fan SDS Vr2 spylje sneon op it haadfjild yn Easterein krekt foar SDS 1, mar ek de fuotballerkes fan de SDS-Mini-League. Kinne sy moai allegear sjen litte hoe ’t it wol moat!

Oanfraachformulier spilerspas ynleverje!
Guon SDS’ers hawwe in oanfraachformulier krigen foar in nije spilerspas. Dizze graach sa gau mooglik ynleverje by de ledenadministraasje. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

ONT en vv Nijland gean foar de dûbel!!
Sawol vv Nijland as ONT geane beide foar it kampioenskip yn respektivelik de 3e-Klasse A en B. Dêrnei geane sy ek noch foar de haadpriis yn de grutte SDS-lotterij. Beide klups hawwe 5 SDS-keunstgerslotten kocht. Foar dizze spesjale geste hawwe wy foar harren de lotnûmers 1 oan ’t en mei 10 reserveare en wy winskje harren beide in soad súkses yn de rees om “de dûbel”!

Alderaardichst
Hjoed is it “de dei fan de arbeid”:
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby (1492)
Schwalbe!