SDS League: "Moai sTom"!

Weppers tongersdei 26-2
26 februari 2015
Weppers en wat seleksjes
26 februari 2015

Hjir wer de nijste stân fan de SDS-League. Wy hawwe it dizze wike wol 34 kear neiteld, mar it is
“moai sTom”(Wijnia) dy ’t de wykpriis pakt. Hy hat krekt ien puntsje mear as “FC Duits” fan Ayanle Barkat dy ’t foarige wike mei Tom en de “Jodan Boys” fan Jeroen Brouwer de wykpriis pakte.


“De “Tom”me omheech!”

Wy hoopje dat Durk Okkema syn sûnens like hurd foarút giet as syn team yn de SDS League. “SC DWOpke” giet dizze wike fan 19 nei 4.

Der binne wat ploegjes dy ’t like folle punten helle hawwe. Dit wylst sy ferline wike ek al like folle hienen. Soenen sy deselde teams hawwe?

“Lykwicht Eeltje Postma” fan Gert-Jan Hessels kin wol nei syn “2 kratsjes H-J asjeblyft, Gert-Jan” (Eeltje Postma) fluitsje. Hy stiet no lêst en Eeltje 15e.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.