Weppers 29-7-2020
29 juli 2020Beker yndieling B kategory
7 augustus 2020Freedtejûn, 26 graden
it skopfjild yn Wommels
It wie dêr in fredich taferiel.
Roeken en seefûgels sochten nei it lêste wjirmke.
Allegear op harren eigen oardel meter strúnden se it fjild ôf.
Oan fytsers steurden se harren net. Oan in inkele auto ek net
Se seagen op noch om.
Mar ynienen fleagen se allegear op.
In ronkende BMW mei folk út twa fan de fjouwer doarpen fersteurde harren syktocht.
Mei harren flecht makken se plak foar de trije ynsittenden en noch 5 oaren.
Sa fredich at fûgels sykje om it lêste wjirmke sa fol fjoer striden it swarte en it bûnte team om in doelpuntsje.
In fûleindige striid sil de oplettende lânsfytsende of lânsrinnende taskôger fêststeld hawwe.
Dy mei dy swarte sjurtsjes wiene wat better mar wisten op krusiale mominten harren der goed út te rêden. At it net mei de holle of de foet koe, dan mar mei de hannen. Op sich kin je dat in kear oerkomme mar te faak dan falt it yn de kategory “spulbedjerren”.
It dan ek noch mei in soad misbaar fan de dúdlik sichtbere feiten ûntkenne, makke ploechje bûnt wat grimmitich.
Foar de feroaring waarden der twa foarôfwedstriden dien en beide wie swart de winner. Foar de dúdlikheid. mei swart bedoel ik in swart sjurtsje.
De finale om twa doelpunten wie foar bûnt (ek dêrbij giet it om de kleur fan de sjurtsjes) in beleanning foar hurd wurkjen tsjin in bettere tsjinstanner, want bûnt (Wouter) skoarde dat alderlêste doelpuntsje….
Opfallend wie fierders dat Ferrie en Aant foar de wedstriid al sjurtsjes ruilden, dat Bonne it ienige kopdoelpunt makke en dat nei ôfrin de konklúzje wie dat wij ek wol in oerke letter begjinne kinne at it sa waarm is.
Swart: Harry, Ferrie, Remco en Bonne
Bûnt: Wouter, Menno, Jurjen en Aant