Weppers freed 21-11

Weppers 20-11
20 november 2008
Programma 22-11
21 november 2008

Traine
Der kin sneon net traind wurde. Wiene der ploegen dat fan plan, dan meie se no oare plannen meitsje. De famkes soene yn alle gefallen traine en dat giet dus net troch.

Keuring
It fjild wurdt sneontemoarn om 7.30 oere keurd. Foar achten sille wij melding dwaan hoe’t it komt.

Programma sneon
Op it programma stiene sneon twa oefenwedstriden. SDS 1 tsjin BCV 1 en SDS 2 tsjin Balk 2. Beide wedstriden geane net troch.

Seleksjes SDS-froulju
De SDS-froulju spylje moarn om 12.30 tsjin SC Joure DAJ. De folgende froulju wurde om 11.45 yn de boks ferwachte: Hilda, Nynke, Antje, Annemarijke, Geartsje, Cindy, Janneke, Anke, Anne-Wil, Sjoukje, Wilma, Amarins H, Mette Postma (famkes) en Marije Hiemstra (famkes).

Seleksje SDS 3
SDS 3 spilet sneon de kompetysjewedstryd tsjin ONS 3. De folgende spilers moatte harren om 11.00 melde en sille om 12.15 oere it fjild yn of op de bank plak nimme:
Jildert, Geert, Gerrit, Feite, Pieter, Sietse, Stefan, Ralph, Sjoerd, Andrew, Jentsje, Sjoerd, Peter, Jeroen.

Seleksje SDS 5
SDS 5 moat nei Ljouwert sneon. De kompetysjewedstriid tsjin Blauw Wit 8 stiet op it programma. Om 13.15 fuort, om 14.30 fuotbalje.
It is unyk dat op sa’n ynhelsneon SDS 5 gjin inkele spiler nedich hat fan oare alvetallen. Erger noch, de seleksje is sa grut dat in inkele om it waar wol thús bliuwe mocht (Aant) en der 6 man op de bank sitte:
De folgende spilers geane nei Ljouwert:
Klaas, Jelle, Ids, Bertus, Harm A, Auke, Sipke, Chistiaan, Marco, PIet, Johnny, Klaas, Durk, Jacob, Gerrit, Ype, Jappie, Stoffel (lieder) en Daan (grins)
Net oanwêzich: Eddy (fakânsje) Ype (isias), Tjeerd (jaaie mei SToffel syn buks), Aant (waarsiik), Trienus ( blessearden nei sikenhûs ferfiere), Folkert ( kin wol wer ris mei) en Klaas (hij ek)

No Rules
Antsje Stenekes fuotballet sneons bij de froulju fan SDS en jûns giet se der regelmjittich op út mei har band: No Rules. En sneon wol Antsje der graach in feessie fan meitsje mei alle SDS-ers.

Sneon 22 Novimber NoRules yn it Dielshûs!!

Entree 7 eurie
Oanvang fan of 22.00 oere!
Kom ek langs, dan wurd it fest in mâl feestje!
Groetnis,
Antje Stenekes

Harm Auke
Wij krije klachten. Klachten oer it feit dat 5 % fan de weppers oer Harm Auke geane. Wij hawwe dizze klacht serieus besprutsen en jouwe de klaaiers gelyk. 5 % is te min. Wij sille ús bêst dwaan om der 10 % fan te meitsjen.

PSV
Dêr sieten se justerjûn oan de bar: Gert-Jan en Harm Auke. Twa troue PSV fans. Prate oer de teloargong. Gert Jan wol der al in pen en papier bij ha. Wêrfoar. Dat seagen wij oan de ein fan de jûn bij it opromjen.  


…dit briefke…tekene troch Gert Jan

Cristiano Ronaldo (5)
Dit is wêrom at Cristiano Ronaldo op dit momint sjoen wurdt as de beste fuotballer fan de wrâld:

Letter mear!