Weppers 2-8-2016

Programma SDS 2
1 augustus 2016
PC weppers
3 augustus 2016

Keunstgers
It sjit moai op mei it keunstgers. As alles wat meisit dan is it fjild foar it wykein klear. Hjoed komme û.o. de linen op it fjild.

PC
Moarn steane der 4 SDS’ers op de PC; Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra, Jacob-Klaas Haitsma en Erik Haitsma. Delotting kinne jim hjir besjen.
Hoefolle earsten pakke sy dit kear meielkoar?
Mail it nei 
info@vv-sds.nl of twitterje it fia @ff_sds.nl of app it nei 06-15560180!

SDS 1 wer los!
Jûn sil de A-seleksje foar it earst wer los. Sy traine jûn foar it earst ûnder lieding fan trainer Marco Hoekstra.

SDS 1 oefenje
Nije wike tiisdei sil SDS 1 foar it earst oefenje. Sy oefenje dan út tsjin vv Scharnegotum 1, de nije ploech fan Remco Bervoets.

Beker
Ynmiddels binne alle yndielingen foar de beker ek klear. Wy sille sjen as wy se hjoed allegear hjir op de webside krije kinne.

WK
Wat in geweldich WK juster wer op de Terp! Team sûnder hesje liet team mei hesje alle hoeken fan de Terp sjen, mar doe moast de winnende goal noch komme………. En dy waard fansels makke troch Marco Rijpkema fan team mei hesje. De organisaasje bûcht harren noch oer de jildichheid fan dizze goal sjoen ’t Marco in heal oere letter kaam om op dizze manier op it lêst fan de partij loft oer te hawwen.
Jûn it útgebreide ferslach.

EK-blikjes
Ien fan de wepmasters is noch altiten mei fakansje. Wy ferwachtsje him ein fan de wike wer thús, mar it kin wêze dat it wat letter wurdt sjoen ’t hy heechstwierskynlik syn samling blikjes fan Belgyske EK-fuotballers earst al kompleet hawwe wol:

Harsens derby (1736)
Op it WK yn Wommels wurdt ek wolris in grutte kans mist, mar dit is dochs wier wol it toppunt……… En dan ek noch yn in EK-finale yn blessuretiid, wylst je 2-1 efter stean……