PC weppers

Weppers 2-8-2016
2 augustus 2016
Weppers freed 5-8
5 augustus 2016

PC-earsten
Hjoed steane der 4 SDS’ers op de PC; Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra, Jacob-Klaas Haitsma en Erik Haitsma. De lotting kinne jim hjir besjen.
Hoefolle earsten pakke sy dit kear meielkoar?
Douwe-Dirk seit: 21 earsten
Jelle Wiersma seit: 16 earsten
Dooitze Nauta seit: 56 earsten
Tjerk van der Pol seit: 8 earsten
Johan Delfsma seit: 21 earsten
De wepmaster dy ’t al werom fan fakansje is seit: 18 earsten.

PC-earsten
Dooitze Nauta sit aardich heech mei syn PC-earsten. Hy giet foar mar leafst 56! Soe hy miskien de earsten fan de âld-SDS’ers Jelte-Pieter Dijkstra en Dylan Drent der by opteld hawwe?

SDS 1 is wer los!
Justerjûn hat SDS 1 foar it earst traind dit seizoen. Om ’t de keunstgersmatte noch net hielendal klear is waard der efter de sporthal traind. Der wienen 8 man te trainen. 4 PC-gangers, 3 fakansjegangers en in blessearde spiler miste der noch. Jong wûn de earste pot en âld (op kondysje) de twadde.

Beker JO-17
Der rûgelje noch wer wat bekeryndielingen binnen.
SDS JO-17-1
Nicator JO-17-1
LSC JO-17-2
Franeker JO-17-2

SDS JO-17-2
FVC JO-17-3
MKV JO-17-2
Deinum JO-17-2-G
Blau-Wit JO-17-6

Harsens derby (1736)
Johan Heerma is ek alwer drok oan it trainen!