Wepperkes(tongersdei)

SDS League: Feenstra Boys dik op kop.
22 april 2004
Opstellingen SDS 1 en 2.
23 april 2004

Radio
Wa at sneon echt net nei de topper SDS-Be Quick Dokkum komme kin dy kin altiten noch foar de radio sitten gean. Omrop Fryslân stjoerd de wedstriid “libjend” út.

Rûntsje foar ……..
Al gau yn it seizoen wie it foar SDS 2 wol dúdlik dat sy kampioen wurde soenen. De fraach wie net mear at sy kampioen wurde soenen, mar wannear. Yn maart beslúten Durk Okkema en Skelte der in gokje op te weagjen wannear at SDS 2 kampioen wurde soe. Hjirûnder kinne jimme sjen wa at wûn hat.

It liket my dúdlik.

750 euro?
Nei de wedstriid fan SDS 2 tsjin Oeverzwaluwen koe eltsenien noch moai efkes de C.L.wedstriid sjen tusken Monaco en Chelsea yn de kantine. In leuke pot en der foel genôch te gnizen. Stefan hie noch in pear mopkes lykas Hampie, by Monaco foel Honda yn en ek Henk(deKapitein) Postma wist it moai op te sizzen. “At Chelsea de Champions League wint dan kriget elke spiler 750 euro premy”. Wy hoopje dat Henk binnenkoart gauris efter de kassa sit by de Jumbo. It gie namelijk oer 750.000 euro.

Bekerfinales seal
Moarntejûn(freed) wurde yn ‘e sportseal fan Harns(De Waddenhal) de noardelijke finales hâlden fan it sealfuotbaljen. By de standaardteams stiet Exstador(Harns) yn ‘e finale en by de 2e alvetallen ZVF(Frentsjer). Ek wurdt de finale fan de juniorenbeker spile.

In moaie opstekker
In moaie opstekker foar it fryske sealfuotbaljen is dat Heerenveen juster nei 3 kear krekt misgrepen te hawwen, no eindliks promofearet nei de eredivysje. Yn in bomfolle sporthal yn it Hearrefean spilen sy juster lyk tsjin AORC. Dit wie genôch om kampioen te wurden. Jimme kinne hjir it hiele ferslach lêze.

De Clarence Sluier-Trofee
Mocht ien sneon in penalty nimme en net yn oanmerking komme wolle foar ús skitterende “Clarence Sluier-Trofee”, sjoch dan efkes earst hoe at it net moat. Klik hjir.

Nike-reklame
Eltsenien kin de nije reklame fan Nike mei ûnder oaren Ronaldo, Figo en Ronaldinho. Yn ‘e kantine waard tiisdei sein dat de skitterende beweging fan Ronaldinho yn it echt net mooglik is. Net eltsenien wie der wis fan. Jimme kinne hjir sjen dat hy it wol degelijk echt sa kin. Klik hjir. Yn Frankryk nimme sy dit de “Flip-Flap”.

P.s. No net sneon allegear probearje want ik sit yn ‘e nachttsjinst en haw gjin nocht oan fuotballers mei brutsen skonken.