SDS League: Feenstra Boys dik op kop.

Wepperkes(woansdeitejûn)
21 april 2004
Wepperkes(tongersdei)
22 april 2004

De Feenstra Boys(SF) rinne dizze wike noch wer mear út. It ferskil mei de nije nûmer 2  “Mukkes”(MH) is no 15 punten.

Sa rap at hy de top 10 ynhipte sa rap hipt hy der ek wer út. “De Oost-Indische Kustkangaroo” hipt fan 6 nei 12.

BLYA TRYA fan YT giet dizze wike fan 29 nei 22. It sil ús benije at de coach sneon mei SDS 5 ek opwûksen is tsjin Blija 3.

De coach fan “De Voortzetting”(SKO) is drok dwaande mei de tarieding op de Slachtemarathon. Wylst at hy draaft hâldt hy dochs de kop mear by it fuotbaljen. Dizze wike hie der syn mannen aardich te plak. Hy pakt de wykskore en hat dan ek wol in moorkop fertsjinne.

Dizze wike wienen der net folle feroarings yn de stân fan de SDS League, dus gean je ris wat fierder sjen. Wat docht no bliken? Nei 9 wiken komme wy der achter dat de wykpriiswinners fan forige wike; FC Grasmat (EdB) en The Butchers(LB) presys itselde team hawwe. Dit hawwe wy nea earder meimakke yn de SDS League.

“De Kuijertjes”(SS) hienen miskien better “de kruipertjes” hyte kinnen. Der sit gjin gang yn en sy stean dus altiten noch stiif lêst.

Groetnis, Willem.

Jimme kinne hjir de nije stân fine: wike 9