Wepperkes(sneon)

Nije Wepperkes(freed)
12 maart 2004
Oanpaste seleksjes SDS 1 en 2
13 maart 2004

SDS 5 giet al wer net troch

Yn desimber wie SDS 5 de trotse lieder yn harren klasse. Sa stadichoan sakket SDS 5 hieltyd mear. Want wylst oare ploegen wol fuotbalje en punten helje, slagget it SDS 5 net om oan te treden. Alle wiken is der wol wat. Ek sneon 13 maart giet it wer net troch, omdat de tsjinstanner te min spilers hat. Mar leafst 4 wedstriden steane se no efter.

 

Pechfûgel fan de wike

Ype Tiemersma (syn freonen fan SDS 5 meie Babbel sizze) hat in drokke baan. Foaral op tongersdeitejûn en sneon. Hy wurket nammentlik by Welkoop yn Snits en op dy tongersdeitejûn en dy sneon is it faak drok omdat er ek minsken binne dy’t net hoege te trainen op tongersdeitejûn of te fuotbaljen op sneon.

Ype kin net faak traine en foar it fuotbaljen moat er ek fan alles útfine. Hy hie it dit seizoen goed yn de kop. Yn de winter tongersdeis en sneons mar wat faker wurkje sadat hy yn febrewaris en maart de start fan de twadde helte fan de kompetysje folslein meimeitsje koe. 5 sneonen hie hy sparre.

Sneon 13 maart wie de lêste fan de 5 sneonen, dy’t foar Ype sa suksesfol wêze moasten. Helaas 1 sneon gjin wedstriid en 4 kear ôflast. Foar Ype wol hiel hiel ferfelend.

 

Meast gehate tillefoannummer

In nummer melder by de tillefoan kin in aardichheid wêze. Je sjogge efkes hokker nummer it is en je bepale at je wol of net de tillefoan opnimme.

Is it nummer sadanich blokkeard dat je net sjen wa’t bellet, dan wit je dat it immen is fan de fersekering, fan Sportweek of fan it AD. Se wolle je wer wat oansmarre. Opnimme dogge je dan net mear.

Dochs is it meast gehate nummer by de SDS 5 spilers 332030. At dat nummer op freed of sneontemoarn ferskynt dan hoege je allinne mar te sizzen: Hoi, Ids, wêrom is it no wer ôflast?

 

Fotograaf

Dizze wike hiene wy in ferslachjouwer mei nei Urk om de wedstriid fan SDS futsal 1 te ferslaan. Sa’t no bliken dien hat wie der ek in fotograaf mei. Durk Okkema skeat de ûndersteande printsjes. Hy seit der sels fan dat it gjin “MeinteWesseliusniveau”hat, mar dochs kin it besjen lije.

Skelte, dy’t efkes net alles sjen wol en Willem en Jan Simon dy’t noch efkes de taktyk trochnimme.

 

 

Brûze

Ofrûne tongersdeitejûn wie de straal fan de brûs net al te sterk. Neffens in insider wie dit in prostaatstraal.

 

Mol

Seit immen tsjin Stoffel: “dochs noch in mol dy’t net dearekke is yn ien fan dyn klemmen.”

Stoffel: “hoesa? “

Albert