Nije Wepperkes(freed)

SDS League: Kapitein Henk allinne boppe-oan!
11 maart 2004
Wepperkes(sneon)
12 maart 2004

SDS 4
SDS 4 siket foar de rest fan it seizoen in skiedsrjochter. Lieder, spiler, fersoarger, grinsrjochter, skiedsrjochter, keeper en heit Evert Tanja moat oars eltse wike fluitsje en komt dan noait oan fuotbaljen ta. Wa hat der belangstelling? Je kinne je hjir oanmelde;
info@vv-sds.nl . Sjoerd van Beem hat krekt trochjûn dat hy moarn SDS 4 wol fluitsje wol. Super Sjoerd!!

Sjoerd kriget it moarn drok. Earst sels fuotbalje mei SDS 3, dernei fluitsje by SDS 4 en dernei nei SC Heerenveen.

Oefenje??
At je efkes op it ynternet strúne dan komme je noch wolris in nijtsje tsjin. Sa stiet der op Voetbalnoord dat SDS 1 folgende wike sneon om 14.30 oere yn Ljouwert oefent tsjin de Ljouwerter Sweltsjes. Hjirby is eltsenien wer op ‘e hichte.

Lykspul?
It Friesch Deiblêd lit eltse wike in trainer út it amateurfuotbal oan it wurd en dizze mei dan ek de “toto” ynvulle foar alle amateurwedstriden. By Wykels/Hallum-SDS set hy in 3. Hy ferwachtet dus in lykspul. Hjir kinne jimme de oare foarspellingen sjen;
Friesch Deiblêd

Fysio fytse
De fysiotherapeut fan SDS, Anne Harm Nauta, is bot yn it nijs. It docht bliken dat hy hurd fytse kin. Sa hat hy yn 1987 sels de “Gasbeltoer” wûn. No is hy trainer fan fytsclub de Friesche Leeuw. Ek is hy fan doel om sels wer ris mei te fytsen. Hy is 42 jier en sa at hy seid makket de leeftyd neat út at je ûnder de 50 binne. Jimme kinne op de side fan Omrop Fryslân heare wat hy der noch mear oer te sizzen hie; stikje Anne Harm Nauta


In soad besikers
Dat de SDS side in soad bezocht wurdt dat wie wol bekend. Fanmoarn dochs mar wer efkes sjoen hoefolle at dat dan eins binne. It docht bliken dat wy yn febrewaris 4700 besikers hân hawwe. Safolle besikers hienen wy noch net earder yn ien moanne hân wylst febrewairs ek noch in koarte moane wie. Juster en hjoed binne der op beide dagen 250 besikers west.