Wepperkes(sneintejûn)

SDS 2 wint yn Zwartsluis
28 maart 2004
Buitenpost wint fortuinlijk van SDS
29 maart 2004

“Moordende” konkurrinsje
SDS 2 hat op dit momint in grutte seleksje en de konkurrinsje tusken de spilers is dan ek “moordend”. Dit is al te merken op trainen. Wannear Harm-Auke Dijkstra(Hampie) foar de safolste kear allinne op ‘e goal ôf komt en de bal wer net ôfspilet op syn maat Jan Stenekes wurdt Jan lilk. “Spylje dy bal no in kear, dit is de safolste kear asto mist”. Hjirop wurdt de ien kop lytsere Hampie ek lilk; “do moast dy stil hâlde want oars slaan ik dy op dyn harsens op ‘e middenstip”. Hampie wit al wat der seit want it trainingsfjild is sa min yn Easterein dat dêr al jierren gjin middenstip mear op stiet.

Hampie Seedorf
Harm Stremler wie krekt wer genezen ferkleare fan it “Clarence Seedorf”-syndroom en no bliket dat der op ‘e nij ien besmet is mei dit firus. Harm Auke Seedorf skeat by SDS 3 syn penalty op de latte. Lokkich genôch wie Sjoerd van Beem der supersnel by en skoorde hy mei de kop dochs noch. Wy hawwe net heard at Hampie ek lilk op him west hat.

Webmaster regelt de opstellingen

SDS 2 moast ôfrûne sneon út nei Zwartsluis. Doe ‘t sy yn de auto stappe soenen misten sy ien spiler; Jacob-Klaas Haitsma. Wat blike no? Jacob hie tongersdei net traint en wist net at hy no mei it 1e as 2e mei moast. Hy hearde neat fan in lieder en beslúte om op
www.vv-sds.nl te sjen mei welk team hy mei moast. Hjir stie syn namme by de fermoedlike seleksje fan SDS 1. It is wol dúdlik dat foartaan de webmaster bepaald wa at sneons mei welk team mei giet.
 Jacob fuotballe wol knap by SDS 2, dus wat de webmaster betreft giet hy sneon wer mei SDS 2 mei.


SDS 2 beker?
“SDS 2 sit noch yn ‘e beker mar hoe fier binne sy no en tsjin wa moatte se?” Dit heare wy faak en sille it ek noch wolris heare moatte. Dochs witte wy wer iets mear. Moandei 12 april binne der twa wedstriden yn bekerronde 5 foar Reserveteams. Dat binne:
Staphorst 2 – Genemuiden 2
Drachtster Boys 2 – Meppel 2
Oansjoen SDS 2 bekerronde 5 al hân hat misse wy dus wierskynlik noch  ien ploech dy ’t bekerronde 5 ek al han hat. Dan binne der noch 4 ploechen oer. Dizze ploechen kinne dan eventueel op 20 maaie de finaleronde spylje(!?).

Peaskeprogramma
SDS 1 spilet “Peaskesneon” de ynhelwedstriid thús tsjin Oostergo om 14.30 oere. SDS 2 giet dan nei Bolswardia om dêr yn te heljen. Peaskemoandei spilet SDS 2, as ienige, thús tsjin Flevo Boys. At dit no net te let begjint dan kinne sy dernei miskien moai nei Aaipop.

Wedstriidferslagen?
At der noch ien is dy ’t oer hun wedstriid fan sneon in leuk stikje skriuwe kin, dan mei dy dat maile nei info@vv-sds.nl . Graach sa gau mooglik want oars is it âld nijs. Wy binne foaral benijd hoe it no sa koe dat SDS 1 ferlern hat. Bûtenpost sil no foartaan altiten wol mei de bus gean.

Nije foto’s
Jimme kinne op hun eigen siden de nije foto’s fine fan SDS A1 en F5. Wy binne benijd at de foto’s justerjûn ek wat slagge binne. Mar hoopje dat de fotograaf fan www.sabetocht.nl net út de lucht helle is lyk as syn side.