SDS 2 wint yn Zwartsluis

Wepperkes (sneontejûn let)
27 maart 2004
Wepperkes(sneintejûn)
28 maart 2004

SDS 2 hat juster in oerwinning behelle yn Zwartsluis. Der waard mei 3-0 wûn fan Door Eendracht Sterk Zwartsluis.

SDS begie beroerd oan ‘e pot. Alle ballen swabberen fan de poaten ôf en der waard mear praten as fuotballe. Jammer, want it wie moai waar om te fuotbaljen. DESZ krige allinne gjin kânsen en dan witte je dat SDS op in momint de 1-0 meitsje sil. It wie Willem dy ’t de bal fan ‘e lêste man syn foet ôfpikte, hjirnei moai de keeper omspile en de bal kloaten ynsjitte mei syn ferkearde lofter foet. De bal siet al en telde. Efkes letter wie ’t sels hast 2-0 doe ’t Jacob-Klaas(krekt de sliep út) de bal op de peal skeat.

Yn ‘e rêst probearen de lieders Jan en Durk de ploech dúdlik te meitsjen dat der better fuotballe wurde moast om de 3 punten nei hûs ta mei te nimmen. De twadde helte wie dan ek wat better. Henk Postma makke de 2-0 nei in knappe lange bal fan Syb(Soep) sa ’n kertier foar tiid. DESZ fuotballe wol knap mar krige gjin kâns fan ‘e efterhoede fan SDS wêr ’t foaral Jan Simon knap stie te baljen. 5 minuten foar tiid makke Willem noch de 3-0. Marten trape fier út en Willem koe de bal oer de keeper hinne lobbe.

Sneon spilet SDS 2 thús tsjin Workum. Yn it Peaskewykein hellet SDS 2 yn tsjin Bolswardia(út) en Flevo Boys(thús).