Wepperkes(snein)

Utslaggen 3 april
3 april 2004
Stefans ekslusieve ferslach oer earste aai!
4 april 2004

Sûnder en mei sokken.

SDS 3 moast sneon fuotbalje tsjin Berltsum 2. Ta de grutte skrik fan Roelof Zijlstra wiene de gasten de sokken fergetten. Hy mocht yn sân hasten nei Berltsum weromride, wylst syn kollega’s de wedstriid begûnen mei allinne skienbeskermers om. In snoad gesicht. Healwei de earste helte wie Roelof werom mei de pûde fol sokken en hopenlik net mei in bekeuring foar te hurd riden, want by Spannum stie wer in flitspeal.

Doelpuntenmakkers

Under de rubryk senioren stiet de bywurke topskoorderslist. Man fan de wike wie Jan Stenekes. Hy skoorde twa kear.

SDS 5 spilers ek 4 kear yn 10 dagen.

Boppesteande kreet giet oer it oantal kearen dat er fuotbald wurde moat troch de âldtsjes fan SDS. Tiisdei nei Suwald, sneon nei Frjentsjer en peaskemoandei thús tsjin Noordburgum (in topper)

Driging foar oanslag op Jelle de Boer

De wedstriid OuweSyl 3 en SDS 5 waard behearsd troch in drigende sitewaasje. Sjoch foar it ferslach by senioren -sds5 wedstriidferslaggen