Wepperkes2 (freed)

Wepperkes (freed)
19 maart 2004
Utslaggen 20 maart 2004
19 maart 2004

Keepersprobleem?

By SDS 5 stiet Jaap Boekholt yn it doel. Dy mist hast nea. Gelokkich mar, want in oare doelman fine, is net sa maklik.

No is Jaap ien kear yn it jier jierdei, en gelokkich is dat mar ien kear yn de sân jier op sneon. Jaap wurdt sneon 20 maart 44 jier (fan herte lokwinske). Dat feest  wol hy graach thús fiere en net yn it doel.

Jaap fynt it net leuk om ôf te sizzen, mar ja jierdeis dêr kinne no ien kear neat oan dwaan. Gelokkich kaam Jaap sels al mei in oplossing: De B-junioren hawwe frij en hy wist út tige betroubere bron dat dy doelman it wol oer nimme wol.

Ja, krekt Korné Boekholt, krekt 15 jier âld en de soan fan Jaap is sneon de ferfanger fan syn heit. Moai dat soks kin.

Om Korné goed te begelieden tidens syn debút, is ek Tjeerd Dijkstra de lieder fan B-1 as lêste man kontrakteard.

 

It waar

Oan it begjin fan dizze wike like der in reedlike kâns te wêzen dat SDS 5 sneon fuotbalje mocht. Hoe langer de wike duorre en hoe mear der bekind waard oer it waar, hoe grutter it gefoel wer waard dat it mooglik ek wol ris net troch gean kin.

De radar jout op freed oan dat it reingebiet grut en stevich is.

 

It kin net oars wêze of hjir sit wat oars efter: de waargoden.

“In de oude Griekse mythologie komen talrijke goden voor waarvan men meende dat zij dingen aan de hemel en op aarde verpersoonlijkten en regelden, inclusief het weer. De opperbaas van de hemel was Zeus, die de wolken, regen en donder onder zich had. Helios was de zonnegod en over de winden heerste Aeolus.”

 

Dus  at it moarn wer ôflast wurdt, dan krijt net Pier Faber of Pyt Paulusma de skuld, mar Zeus en Aeolos.

 

Bekerwedstriden

Sneon 20 maart is der in protte kompetysjefuotbal. Dochs binne der ek twa bekerwedstriden. En by bekerwedstriden is it sa dat er in beslissing komme moat. Dus by in gelyk spul wurde der strafskoppen nommen. 

SDS D-1 – Buitenpost D1 om 12.15 oere

SDS 2 – Viboa 2               om 15.30 oere

 

 

Leuk.

Soms sjogge wat stean op de side fan in oare klup. BCV 6, in stjinstanner fan SDS 5 traint ek. De “Sipke” dy’t harren training liedt pakt it echt oars oan. 

Onze trainer wijst twee spelers aan die verantwoordelijk zijn voor het slagen van de trainingsavond en de omzet in de kantine na de training.