Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
20 december 2005
SDS League: The Butchers pakke de wykpriis!
21 december 2005

SDS 1 futsal wint nei spannende wedstryd
Net ferjitte om nei Easterein te gean , stie der juster op dizze side. Der binne hiel wat ferjiteftige minsken yn Wommels en Easterein want mei Popko, Ype, Lolke, Bas en Aant op de tribune wie der te min publyk. Sels it skoreboerd waard net betsjinne troch in bestjoerslid.
In opfallend debút fan Klaas Okkema as skiedsrjochter. Hij die it prima (de echte wie wer ris net opkommen) en hij hat eventueel foar takem jier dus al in bezichheid.
Skoreferrin:
0-1 Golden Oldies
1-1 Tsjipke
2-1 Willem
2-2 GO
3-2 Peter
4-2 Willem
4-3 GO
5-3 Anne
5-4 GO
6-4 Willem (lit him net sjitte)

Yn foarm
Dat Willem trije kear skoorde justerjûn kaam troch Richt. Sij hie har  jierdei (fan herte fansels) en sij ferwachte fan Willem wol in bysûndere prestaasje at hij op dizze jûn efkes fuotbalje woe. Richt kin wol wer ris op in woansdei jierdei wêze.

Data jeugdtoernooien
De KNVB organisearret yn de krystfakansje altyd it seal fuotbaltoernooi. Foar dit jier sjocht it der foar SDS sa út.

27/12 B1 sporthal Bolsward        11.20-14.20 uur
28/12 C1 sporthal Oosterend        9.00-11.00 uur
29/12 D1 sporthal Oosterend        9.00-12.30 uur
30/12 A1 WZS hal Sneek             9.00-11.00 uur

De winnaars fan de poule pleatse sich foar de finaleronde op 7 jannewaris yn Frjentsjer.

Lifter
Juster waard er al op dizze hiemside it berjocht lanseard dat de 6 liftsjende koppels der twa tsjinstanners bij krije.
It
  part fan dit politike koppel is no bekind. Klik op it logo en jim sjogge de Wommelser Balkenende  Hij liket him no al op te waarmen bij it “hel”lefjoer.
Wij hoopje dat moarn it FNP diel har meld.

De fraach
Hast in wike hawwe der mooglikheden west om de seleksje fan sc Heerenveen op efternamme te setten. Der is goed speurwurk dien of der is gewoan goed neitocht troch Willem, Lolke, Jan, Oebele, Piet en Johan. Fan de 18 koe men maksimaal op 17 komme, want Ulbe bliuwt noch in riedsel. Om oan te toanen dat it echt is, hjir alfêst it programma fan doe. Ulbe litte wij noch efkes iepen stean.